In ferhege atol of in opheft atol is in atol dat troch tektoanyske krêften heech boppe seenivo úttild is. It bestiet dêrom net, sa't by atollen gebrûklik is, út in râne fan eilannen en koraalriffen om in sintrale lagune hinne, mar wurdt ynstee foarme troch ien oaniensletten eilân, dat troch de foarm fan it oarspronklike gewoane atol needsaaklikerwize min ofte mear rûn wêze moat. De hichte fan in ferhege atol betsjut dat sa'n eilân, oars as in normaal atol, net (of alteast folle minder) bleatstiet oan 'e effekten fan 'e stoarmen en hege weagen. Dêrtroch kinne oare grûnsoarten as sân ta ûntwikkeling komme en teffens kinne op sa'n eilân makliker endemyske soarten floara en fauna evoluëarje.

Mei útsûnderling fan Aldabra yn 'e Yndyske Oseaan en Henderson yn 'e eastlike Stille Oseaan binne de measte tropyske ferhege atollen op dramatyske wize feroare (ferrinnewearre) troch minsklike aktiviteiten. Dêrby kin men tinke oan 'e yntroduksje fan ynvasive eksoaten, oan fosfaatmynbou (wêrby't de mineralisearre gûano fan ûntelbere generaasjes seefûgels ôfgroeven wurdt) en sels oan atoombomtesten. Foarbylden fan ferhege atollen binne: Aldabra yn 'e Seysjellen, Banaba en Kiritimati yn Kiribaty, de Daito-eilannen yn Japan, Henderson yn 'e Pitcairneilannen, Makatea yn Frânsk-Polyneezje, Naurû (dat in ûnôfhinklik lân is) en Tromelin yn 'e Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen.

Kategory:Oseänografy