De swartbânljip (Vanellus tricolor) in fûgel yn it skaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Ferskining De swartbânljip hat in opfallend read plak by de snaffel, in giele eachring en efter it each in wite streek. De snaffel is giel mei in donkere punt. Oer it boarst rint in brede swarte bân, dêr't er de namme oan te tankjen hat. De poaten binne laaigriis. Yn ferlikening mei de ek yn Austraalje foarkommende maskerljip is er lytser en hat er koartere poaten.

Fersprieding De fûgel komt foar yn Austraalje útsein it noarden en Tasmaanje. Resultaten fan genetyske stúdzjes jouwe oan dat de soarte nau besibbe is oan 'e maskerljip, mar ek oan 'e Afrikaanske langteanljip. De fûgel wurdt as monotypysk behannele, wat sizze wol dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten bestiet.

Hâlden en dragen De swartbânljip wurdt yn iepen en koartgroeiend greidlân, op fleanfjilden, iepen savannes en omploege fjilden sjoen. Oars as de maskerljip wurdt er yn drûgere gebieten fierder it lân yn oantroffen en minder by wetter.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024).

Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje