Valerie French wie in Ingelske film- en toanielaktrise waans karriêre yn 1954 begûn.
Biografy French waard berne yn Londen as dochter fan Frank Orvin Percy Harrison en Muriel Smith. Who's Who in the Theatre, sixteenth edition, ed. John Parker, Pitman, 1981, s. 631 Har heit wie in boekhâlder dy't as luitenant tsjinne hie by it Artists Rifles-regimint yn 'e Earste Wrâldoarloch. The Incorporated Accountants' Year Book, Society of Incorporated Accountants and Auditors (Great Britain), 1928, s. 72Accountancy, vol. 70, Institute of Chartered Accountants in England and Wales, 1938, p. 111The Regimental Roll of Honour and War Record of the Artists' Rifles, S. Stagoll Higham, Howlett, 1922, s. 403
Sy beskôge har "echte start yn it teäter" as aktrise by it Theatre Royal, Windsor yn Berkshire yn Ingelân. Se sette yn har iere tweintiger jierren útein mei filmaktearjen. Har earste filmoptreden wie yn in lytse rol yn 'e Italjaanske film Maddalena út 1954. Nei in rol yn 'e Britske film The Constant Husband (1955) ferhuze se nei Hollywood.
Har bêste rollen yn dy perioade wiene yn westernfilms lykas Jubal yn 1956 njonken Glenn Ford en Decision at Sundown tsjinoer Randolph Scott yn 1957. Se ferskynde ek yn 'e science fiction-film The 27th Day (1957).
Teäter French gie werom nei it teäter yn 'e jierren 1960. Se spile yn in Broadway-produksje fan John Osborne syn toanielstik Inadmissible Evidence yn 1965 en wie ek yn Help Stamp Out Marriage! yn 1966 te sjen. Se soarge foar in lytse sensaasje troch neaken op it poadium te ferskinen yn The Mother Lover yn it Booth Theatre yn 1969, hoewol't allinich har bleate rêch te sjen wie.
Priveelibben Sy wie troud mei akteurs Michael Pertwee (fan 1952 oant 1959) en Thayer David (fan 1969 oant 1975). Foar de dea fan Thayer David yn 1978 wiene hy en French fan doel om opnij te trouwen. Pace, Eric, "Thayer David Dead; A Character Actor"; The New York Times, 20 july 1978 Collins, Glenn, "Valerie French, 59, Actress Who Played English Characters"; The New York Times, 6 novimber 1990 Guon boarnen sizze dat se berne waard yn 1932 en 58 wie doe't se ferstoar. https://www.nytimes.com/1990/11/06/obituaries/valerie-french-59-actress-who-played-english-characters.html "Valerie French, 59, Actress Who Played English Characters". The New York Times .
French stoar oan leukemy.
Filmografy Kar-út: Films 1956: Jubal 1956: Secret of Treasure Mountain 1957: The 27th Day 1957: Decision at Sundown 1957: The Hard Man 1959: The Four Skulls of Jonathan Drake
Telefyzjesearje 1957: Alcoa Theatre
Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1990