De Tibetaanske sânfoks (Vulpes ferrilata) is in sûchdier út 'e famylje fan 'e hûneftigen (Canidae).

Ferskining thumb|left|Foks mei proai. De Tibetaanske sânfoks is in lyse en kompakte foks mei tsjok en sêft hier tsjin de ekstreme kjeld fan syn heechlizzend ferspriedingsgebiet. De soarte hat in sângrize oant sânbrune kleur mei grize flanken en in wite punt oan 'e sturt. De earen binne koart en de snút is relatyf smel en lang. Folwoeksen bisten binne 60 oant 70 sm lang (eksklusyf de 29 oant 40 sintimeter lange sturt) en ha in gewicht fan 3,5 oant 6 kg.

Fersprieding Tibetaanske sânfoksen libje op 'e heechflakten en steppes fan it Tibetaansk Plato en oangrinzgjende gebieten lykas Nepal, mooglik Bûtan, Ladakh (Yndia) en dielen fan Sina oant hichten fan 5.300 m. It swiertepunt fan 'e fersprieding leit yn Sina (Tibet, Qinghai, Gansu, Sichuan, Yunnan en Xinjiang), mei lytsere populaasjes yn Yndia, Nepal en mooglik Bûtan. It habitat bestiet út healdrûch en drûch gerslân.

Hâlden en dragen De Tibetaanske sânfoksen binne fral oerdeis aktyf. Se ite lytse fluithazzen oanfolle mei kjifdieren, fûgels of aaien. Se binne monogaam en pearkes bliuwe meast byinoar. Tegearre fersoargje se de welpen, dy't yn hoalen berne wurde nei in draachtiid fan likernôch 50 oant 60 dagen.

Status De Tibetaanske sânfoks komt net oeral algemien foar, mar hat in grut ferspriedingsgebiet. Lokaal is de soarte seldsum, yn oare gebieten mei genôch fluithazzen en geskikte omstannichheden komt er algemien foar. De IUCN beöardielet syn status as net bedrige (Least Concern). De grutste bedriging foar de soarte foarmje minsklike ynfloeden lykas de bestriding fan 'e foar de lânbou skealike fluithazzen troch gif, oantaasting fan syn leefgebiet troch ynfrastruktuer, weidzjend fee of útwreiding fan lânbou en op lytsere skaal de jacht.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Foks (skaai) Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal