De griiskopljip (Vanellus cinereus) in fûgel yn it skaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Ferskining thumb|left|Griiskopljipkes. De griiskopljip is in 34-37 sm lange fûgel mei lange giele poaten en in giele snaffel mei in swarte punt. Lykas de namme al seit hat er in grize kop en nekke. De fûgel hat in donkergrize boarstbân en in wite búk, wylst de rêch brún is en de sturt wyt mei in swarte einbân. Yn 'e flecht kontrastearje de swarte haadslachpinnen mei de wite sekundêre slachpinnnen en brune boppewjukdekfearren. Hijkes en sijkes binne gelyk, mar it hijke is wat grutter as it sijke. Jonge fûgels binne griis, dêr't folwoeksen fûgels wyt binne, de boarstbân is minder dúdlik en oan 'e boppekant binne de fearpunten bleek.

Fersprieiding De fûgel briedt yn noardeastlik en eastlik Sina (Binnen-Mongoalje, sintraal Mantsjoerije, Jiangsu en Fujian), oangrinzgjende dielen fan Ruslân en yn Japan. Winterdeis migrearret er nei Súd-Aazje fan Nepal, noardlik en noardeastlik Yndia en Bangladesj oant súd-sintraal Sina en noardlik Yndosina, somtiden fierder nei it suden.

Fryslân Yn maaie 2019 waard in fûgel yn Noarwegen warnommen. In pear dagen letter waard nei alle gedachten deselde fûgel yn 'e omkriten fan Kristinehamn yn Värmlands län (Sweden) sjoen. Ein juny waard er ek yn 'e Warkumermar yn Fryslân sjoen.

Systematyk Genetyske stúdzjes ha útwiisd dat de griiskoplip it meast besibbe is oan 'e Vanellus leucurus en de Vanellus gregarius. De fûgel wurdt as monotypysk behannele, wat sizze wol dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, ). De wrâldpopulaasje wurdt tusken 25.000 en 100.000 fûgels rûsd.

Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam