Sytze Abeles Kooistra (Wytmarsum, 14 juny 1881 - dêre, 20 july 1947) wie in Frysk keatser.

Kooistra helle 349 punten foar it ivich keatsklassemint. Sytze Abeles Kooistra, waard as boeresoan yn Wytmarsum berne en is dêr altyd wenjen bleaun. Letter waard er sels feehâlder. As lytse jonge learde er it keatsen yn in hartekamp. Letter soe er útgroeie ta ien fan de bêste keatsers yn de begjinjierren fan it Keatsbûn.

Kooistra stie bekend as opslagger, benammen om syn fiere en hege ballen efteryn it perk. En as it moast stie er ek yn it perk syn mantsje. Hy wûn de PC en de Bûnspartij foar Senioaren seis kear. Hy waard trije kear ta kening fan de PC útroppen.

Sytze Abeles Kooistra ferstoar op 20 july 1947 yn de âldens fan 66 jier.

Prizen 1902 - de Bond 7e priis 1902 - PC 1e priis 1903 - de Bond 1e priis 1903 - PC 2e priis 1904 - de Bond 1e priis 1904 - PC 2e priis 1905 - de Bond 2e priis 1906 - PC 1e priis 1907 - de Bond 1e priis 1907 - PC 1e priis 1908 - de Bond 1e priis 1909 - de Bond 3e priis 1909 - PC 1e priis 1910 - PC 1e priis 1911 - de Bond 1e priis 1911 - PC 1e priis 1912 - de Bond 1e priis 1913 - de Bond 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Wytmarsum Kategory:Persoan stoarn yn Wytmarsum Kategory:Persoan berne yn 1881 Kategory:Persoan stoarn yn 1947