De jongere gint (wittenskiplike namme: Morus recentior) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e ginten (Morus).

Fan dizze fûgel binne fossilen weromfûn yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dy't datearje út it Mid-Mioseen. De jongere gint waard yn 1949 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske paleöntologe Hildegarde Howard (1901–1998).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gint (skaai) Kategory:Bist útstoarn yn it Mioseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn de Feriene Steaten