De omswalkjende gint (wittenskiplike namme: Morus vagabundus) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e ginten (Morus).
Fan dizze fûgel binne fossilen weromfûn yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dy't datearje út it Let-Mioseen. De omswalkjende gint waard yn 1930 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske paleöntolooch Alexander Wetmore (1886–1978).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gint (skaai) Kategory:Bist útstoarn yn it Mioseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn de Feriene Steaten