De Perûviaanske gint (wittenskiplike namme: Morus peruvianus) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e ginten (Morus). Dizze fûgel libbe yn it Mioseen yn it doetiidske Perû.
Lokaasje en datearring Fossilen fan 'e Perûviaanske gint binne yn 1993 troch in M. Urbina opgroeven yn 'e Piscoformaasje, in rotsformaasje oan 'e súdlik-sintrale Pasifyske kust fan Perû, tusken de stêden Pisco yn it noarden en Chala yn it suden. It krekte fynplak wie Nivel Montemar, yn 'e neite fan Lomas. De grûnlaach wêryn't de fossilen oantroffen waarden, datearre út it Let-Mioseen. Der wurdt sadwaande ornearre dat de Perûviaanske gint libbe fan likernôch 7,2 miljoen oant 5,3 miljoen jier lyn.
Taksonomy De Perûviaanske gint waard foar it earst yn 2003 wittenskiplik beskreaun troch de Perûviaanske paleöntolooch Marcelo Stucchi. De wittenskiplike namme Morus peruvianus betsjut letterlik: "Perûviaanske" (peruvianus) "gint" (Morus). It holotype bestiet út in piipbonke, in speakbonke, in karpometakarpus en in fingerkoatsje fan 'e twadde finger.
Uterlike skaaimerken De Perûviaanske gint wie in middelgrutte soarte foar it skaai fan 'e ginten (Morus). Fan fossile soarten út itselde skaai dy't ôfkomstich wiene út Noard-Amearika ûnderskate de Perûviaanske gint him benammen troch oars proporsjonearre wjukken.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gint (skaai) Kategory:Bist útstoarn yn it Mioseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn Perû