It azuerpoarperhin (Porphyrio flavirostris) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae).

Beskriuwing thumb|left|Azuerpoarperhin yn Perû. De soarte giet om in lytse 23 oant 26 sm en ljochte poarperhin. It is de lytse soarte fan it skaai en hy hat ûnder in griisblau en op 'e boppedielen in olivebrún fearrekleed. De relatyf dikke snaffel is bleekgiel en sa ek it skyld dêrboppe. Harren poaten binne gielich oranje. Jonge fûgels hawwe brunere boppekanten as folwoeksen fûgels mei in bleekgeel gesicht, nekke en boarst. It skyld is grien.

Fersprieding De soarte komt foar yn 'e Feriene Steaten, Argentynje, Bolivia, Brazylje, Kolombia, Ekwador, Frânsk-Guyana, Guyana, Paraguay, Perû, Suriname, Trinidad en Tobago en Fenezuëla.

De azuerpoarperhin is in monotypyske soarte, wat betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen De azuerpoarperhin wurdt fûn yn swietwettergebieten mei in oerfloed oan driuwende fegetaasje. Yn ferlikening mei de Amerikaanske poarperhin wurdt er selden sjoen en is er mear ferburgen yn fegetaasje. Syn dieet bestiet út sied en wringeleazen, dy't er op it wetteroerflak fynt. it each is readbrún.

It briedseizoen fan 'e soarte ferskilt geografysk. Yn Suriname briedt er bygelyks tusken maaie en augustus en yn Ekwador nei alle gedachten tusken juny en septimber. De fûgel is monogaam. In nêst sit tusken de begroeiïng en de fjouwer oant fiif aaien wurden troch de beide skaaien útbret.

Status De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). De ûntwikkeling fan 'e populaasje is stabyl (2025).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Poarperhin Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago