It Afrikaanske poarperhin (Porphyrio alleni) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae).

Ferskining De soarte hat in pearsblauwe kop en ûnderkant en is mei in griene rêch en in blau skyld boppe de reade snaffel it meast te ferlikenjen mei de Amerikaanske poarperhin. De Afrikaanske poarperhin is lykwols dúdlik lytser en wurdt mar 22 oant 25 sintimeter lang. Ek ûntbrekt by de Afrikaanske poarperhin de giele punt op 'e snaffel en hat de fûgel donkere middelste sturtfearren, sadat de wite efterkant yn twaën ferdield is (dat by de Amerikaanske poarperhin effen wyt is).

Taksonomy Eartiids waard de Afrikaanske poarperhin mei de Amerikaanske poarperhin en de azuerpoarperhin yn it aparte skaai Porphyrula yndield. De fûgel is no opnommen yn it fûgelskaai Porphyrio. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferieling yn ûndersoarten is.

Fersprieding De fûgel komt yn Afrika besuden de Sahara en ek op Madagaskar en de Komoaren foar. It ferspriedings gebiet is grut en de soarte is ferskillende kearen yn Europa as swalker waarnommen. De Afrikaanske poarperhin is ek oantroffen op isolearre eilannen lykas Sint-Helena, Mauritsius en Súd-Georgje.

Ekology De Afrikaanske poarperhin libbet yn tichte en wiete sompen, dêr't er lestich te sjen is. Hy bout in driuwend nêst, dêr't er twa oant fiif aaien yn leit. Syn wichtichste dieet bestiet út ynsekten en wetterdieren lykas wjirms, weakdieren, lytse fisken en skulpdieren. Hy yt ek blommen, sied fan reid, gers, plantedielen en fruchten fan 'e toarnbosk Drepanocarpus lunatus.

Status De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). De populaasjetrend is net bekend (2025)

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Poarperhin

Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe