De willettgint of Willetts gint (wittenskiplike namme: Morus willetti) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e ginten (Morus).

Fan dizze fûgel binne fossilen weromfûn yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dy't datearje út it Let-Mioseen. De willettgint waard yn 1925 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske paleöntolooch Loye H. Miller (1874–1970). Yn 't earstoan waard dizze soarte ûnder de wittenskiplike namme Sula willetti foutyf yndield by it skaai fan 'e tropenginten (Sula).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gint (skaai) Kategory:Bist útstoarn yn it Mioseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn de Feriene Steaten