De tropenginten (wittenskiplike namme: Sula) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de boppefamylje fan 'e gintfûgeleftigen (Suloidea) en de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae). Ta dit skaai hearre sân soarten, dy't ferspraat yn 'e tropyske en subtropyske seeën en kustgebieten fan 'e wrâld foarkomme. Tropenginten binne nau besibbe oan 'e ginten út it susterskaai Morus, dy't foarhinne ek ta Sula rekkene waarden.
Nammen De wittenskiplike namme Sula komt fan súla, dat yn it Aldnoarsk en it Iislânsk de namme is foar de (gewoane) gint (Morus bassanus).
De Ingelske oantsjutting foar de tropenginten is boobies (inkeltal: booby; útspr.: [ˈbuːbi], likernôch: "bûû-by"). Dat is mooglik in ferbastering fan 'e Spaanske sprektaalterm bobo, dat "stom" betsjut, mei't tropenginten it yn it Tiidrek fan 'e Untdekkingsreizen foar de moade hiene om oan board fan sylskippen te lânjen, dêr't se mei gemak troch de seelju deakneppele en opiten wurde koene. Sa is bekend dat kaptein William Bligh en syn fertroulingen, dy't yn 1789 nei de ferneamde Rebûlje op 'e Bounty troch de opstannige bemanningsleden ûnder lieding fan Fletcher Christian op folle see yn in sloep oerboard set waarden, yn libben bleaune troch it iten fan tropenginten dy't middenmank harren delstrieken.
Taksonomy It skaai fan 'e tropenginten waard yn 1760 yntrodusearre troch de Frânske soölooch Mathurin Jacques Brisson, mei as typesoarte de brune gint (Sula leucogaster). It skaai waard lange tiid ornearre seis soarten te omfetsjen. Yn 2024 waard as de sânde soarte de Kokosgint (Sula brewsteri) erkend, dy't foartiid as in ûndersoarte fan 'e brune gint beskôge wie.
De grutte mearderheid fan 'e alve libbene soarten gintfûgels heart alsa ta it skaai fan 'e tropenginten, wylst trije oaren it skaai fan 'e ginten (Morus) foarmje. De abbottgint (Papasula abbotti) is de lêste fertsjintwurdiger fan in âlder komôf en hat dêrom syn eigen monotypyske skaai. In ûndersyk út 2011 wiisde derop dat de lêste mienskiplike foarâlder fan 'e tropenginten en de ginten omtrint 17 miljoen jier lyn libbe.
Uterlike skaaimerken Tropenginten binne grutte fûgels mei lange, puntige wjukken en in tige streamline lichem, dat boud is om te dûken. De poaten binne fel kleure en yn ferhâlding ta it lichem oergrut, en hawwe swimfluezzen tusken de teannen. De puntige snaffel bûcht by de útein lichtsjes nei ûnderen ta en hat kartele rânen. Lykas by alle gintfûgels sitte ek by tropenginten de noasters oan 'e binnenkant fan 'e snaffel om foar te kommen dat der by it dûken seewetter yn trochkringt. It fearrekleed is oer it algemien twakleurich, mei brún op 'e wjukken en de sturt en wyt op 'e kop en de ûnderste lichemsdielen.
Libbenswize Tropenginten jeie troch fan in oansjenlike hichte ôf yn see te dûken om fisken te fangen dy't yn iezings deun ûnder it wetteroerflak swimme. By it dûken teare se de wjukken en de poaten tebek, sadat har lichem in tige streamline foarm kriget. Sa kringe se djip yn it wetter troch en kinne se fisken fange op in folle gruttere djipte as de measte fleanende fûgels. As se har proai net daliks te pakken krije, kinne dizze fûgels der boppedat ûnder wetter efteroan te swimme, wêrby't se sawol de mei swimfluezzen tariste poaten as de wjukken brûke om harsels fuort te bewegen.
Brieden dogge tropenginten yn koloanjes op eilantsjes of oan 'e kust fan it fêstelân. Se lizze ornaris mar 1–2 aaien yn in nêst op 'e grûn of soms yn in beam. De piken binne nêstbliuwers, dy't yn 't earstoan nei't se út it aai kommen binne folslein helpleas binne en waarm holden wurde moatte troch de âlden.
Soarten Libbene soarten
skaai tropenginten (Sula) blaupoatgint (Sula nebouxii) brune gint (Sula leucogaster) humboldtgint of Humbolts gint (Sula variegata) Kokosgint (Sula brewsteri) maskergint (Sula dactylatra) Nazcagint (Sula granti) readpoatgint (Sula sula)
Fossile soarten Dêrnjonken binne der noch ferskate fossile soarten út dit skaai bekend: brandgint of Brands gint (Sula brandi): Let-Mioseen fan Perû figueroagint of Figueroa's gint (Sula figueroae): Mioseen fan Perû grutte tropengint (Sula magna): Let-Mioseen fan Perû lytse tropengint (Sula sulita): Let-Mioseen fan Perû
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Gintfûgel