De Amerikaanse poarperhin (Porphyrio martinica) is in fûgel út de famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae).
Skaaimerken thumb|left|Juvenyl. De folwoeksen fûgel hat by goed ljocht in skimerjend ultramarynblau fearrekleed mei grieneftige boppedielen. De snaffel is lyts en read mei in giele punt. De soarte liket op 'e Afrikaanske poarperhin (P. alleni), mar is grutter, hat folslein wite ûndersturtfearren en giele yn stee fan reade poaten. It skyld boppe de snaffel is ljochtblau. Net folwoeksen fûgels binne brún en harren snaffel en skyld op 'e foarholle binne ljocht fan kleur.
Fersprieding De soarte libbet yn 'e súdlike Feriene Steaten oant noardlik Argentynje en it Karibysk gebiet. Fan 'e ralfûgels ha Amerikaanske poarperhinnen it measte swalgedrach en se binne as swalker fier bûten harren ferspriedingsgebiet waarnommen. Guon fûgels ha sels de Atlantyske Oseaan oerstutsen en binne oant yn Súd-Afrika en Europa waarnommen.
Taksonomy Eartiids waard de Amerikaanske poarperhin mei de Afrikaanske poarperhin en de azuerpoarperhin yn it aparte skaai Porphyrula yndield. De fûgel is no opnommen yn it fûgelskaai Porphyrio. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferieling yn ûndersoarten is.
Hâlden en dragen Amerikaanske poarperhinnen komme foar yn begroeide wiete gebiieten, dêr't se oan 'e rânen of tusken de begroeiïng omskarrelje. Hy swimt selden.
Status De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, 2025).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Poarperhin Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla