De Lompocgint (wittenskiplike namme: Morus lompocanus) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e ginten (Morus).

Fan dizze fûgel binne fossilen weromfûn yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, by de stêd Lompoc, noardwestlik fan Los Angeles. De fossilen datearje út it Let-Mioseen. De Lompocgint waard yn 1925 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske paleöntolooch Loye H. Miller (1874–1970).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gint (skaai) Kategory:Bist útstoarn yn it Mioseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn de Feriene Steaten