De Del-Reygint (wittenskiplike namme: Morus reyanus) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e ginten (Morus).
Fan dizze fûgel binne fossilen weromfûn yn 'e westlike Feriene Steaten, û.o. te Del Rey, in buert yn Los Angeles. De fossilen datearje út it Let-Pleistoseen. De Del-Reygint waard yn 1936 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske paleöntologe Hildegarde Howard (1901–1998).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gint (skaai) Kategory:Bist útstoarn yn it Pleistoseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn de Feriene Steaten