De Atlantyske gint (wittenskiplike namme: Morus loxostylis; syn. Morus atlanticus) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e ginten (Morus).
Fan dizze fûgel binne fossilen weromfûn yn 'e eastlik-sintrale Feriene Steaten, dy't datearje út it Ier-Mioseen. De Atlantyske gint waard yn 1870 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske paleöntolooch en soölooch Edward Drinker Cope (1840–1897), oarspronklik ûnder de wittenskiplike namme Sula loxostyla.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gint (skaai) Kategory:Bist útstoarn yn it Mioseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn de Feriene Steaten