Monemvasia (Gryksk: Μονεμβασία) is in histoaryske fêstingstêd en in gemeente yn it súdeasten fan 'e Peloponnesos yn Grikelân.

De stêd leit op in grutte rots dy't hast folslein troch de see omfieme wurdt en oer ien smelle lânferbining te berikken is. De namme Monemvasia komt fan it Grykske moni emvasia, itjinge letterlik 'de iennige tagong' betsjut. De rots is likernôch 1,5 oant 1,8 kilometer lang en giet hûnderten meter steil omheech. Troch de natuerlike lokaasje wie Monemvasia troch fijannen iuwen hast net yn te nimmen.

Gemeente Monemvasia is sûnt 2011 ek in fúzjegemeente (dimos) yn 'e Grykske bestjoerlike regio (periferia) Peloponnesos. De fiif dielgemeenten (dimotiki enotita) fan 'e dimos binne:

Elos (Έλος) Molaoi (Μολάοι), haadplak Monemvasia (Μονεμβασία) Voies (Βοιές) Zarakas (Ζάρακας)

Skiednis De stêd ûnstie om it jier 583 hinne doe't ynwenners flechtsje moasten foar Slavyske en Avaryske ynfallen op it fêstelân. De bewenners fûnen in feilich hinnekommen op 'e dreech tagonklike rots, dy't tige goed ferdigene wurde koe. De goed te ferdigenjen lokaasje ferliende it plak letter de bynamme it Gibraltar fan Grikelân. thumb|left|Boppestêd mei de Hagia Sofia. Yn 'e iere midsiuwen makke it plak diel út fan it Byzantynske Ryk. Troch de feilige haven en de strategyske lokaasje koe de stêd útgroeie ta in wichtich sintrum foar hannel en skipfeart. De stêd waard ferdield yn in benedenstêd en in in boppestêd. Tusken de 10e en 13e iuw makke Monemvasia de grutste bloeitiid mei. De stêd lei op in belangrike hannelsrûte tusken it eastlike en westlike Middellânske Seegebiet. Keaplu út Byzantium, Itaalje en it Midden-Easten dienen dêr hannel.

Yn Monemvasia waard ek de swiete wyn Malvasia produsearre (yn West-Europa bekend as Malmsey). Dy wyn waard yn hiel Europa ferhannele en droech by oan'e ekonomy fan 'e stêd.

Yn 1248 waard Monemvasia nei in lange belegering troch Willem II fan Villehardouin ynnommen. De stêd foel yn 1262 lykwols wer yn Byzantynske hannen. Nei de fal fan Konstantinopel yn 1453 wie Monemvasia ien fan 'e lêste Byzantynske bolwurken yn 'e Peloponessos. Yn 1463 foel de stêd lang om let ûnder bûtenlânsk bewâld. Yn 'e iuwen dêrnei wiksele dat bewâld tusken de Fenesjanen en de Ottomanen. thumb|left|Understêd. Yn 'e Ottomaanske tiid rûn it ynwennertal foars tebek. De boppestêd rekke ûntfolke en Monemvasia ferlear oan ekonomysk en strategysk belang. Yn 'e Grykske Unôfhinklikheidskriich waard Monemvasia yn 1821 troch Grykske opstannelingen op 'e Ottomanen ferovere. Dat wie in symboalysk wichtige oerwinning, mar it ekonomyske werstel bleau út. Yn 'e 19e iuw rekke de stêd fierder yn ferfal. In soad ynwenners ferhûzen en de fêsting feroare yn in ruïnestêd.

It histoarysk belang fan Monemvasia waard yn 'e 20e iuw op 'e nij wurdearre en der waard mei grutte restauraasjeprojekten útein set. Hûzen, tsjerken en âlde strjitten waarden wer opknapt. Hjoed-de-dei wurdt Monemvasia in soad troch toeristen besocht.

It besjen wurdich De restaurearre hûzen fan 'e âlde benedenstêd en de tagongspoarte ta de fêsting. De Hagia Sofia, in byzantynske tsjerke út de 12e iuw. De sûnt de Ottomaanske tiid ferlitten boppestêd, no in ruïnestêd. It Archeologysk Museum, dat ûnderbrocht is yn in restaurearre Ottomaansk gebou. De stêdsmuorren en ferdigeningswurken.

Kategory:Monemvasia Kategory:Gemeente yn Grikelân Kategory:Plak yn Grikelân