De Noarske Seemanstsjerke is in tsjerke yn Rotterdam. It gebou leit oan de Westzeedijk, njonken de yngong fan It Park.
Skiednis Yn Rotterdam binne ferskate bûtenlânske seemansinen, ûnder mear fan alle Skandinavyske lannen en fan Ingelân. Se binne bedoeld as in soarte fan opfangsintra foar seelju, dy't neffens harren godstsjinstige plichten ferfolje kinne en har ek yn in plezierige omjouwing ûntspanne kinne.
It troch de Noarske tsjerke organisearre pastorale wurk ûnder de Noarske seelju yn Rotterdam begûn yn de tachtiger jierren fan de njoggentjinde iuw. Earst hie hja gjin eigen romte en moast der gebrûk makke wurde fan tehuzen fan befreone ynstânsjes. Yn 1888 krige de Noarske Zeemanstsjerke lykwols in eigen lokaal oan de Leuvehaven, midden yn it havenkertier.
It wie net mear as in lêskeamer, dy't ek foar seelju út oare lannen iepensteld waard. It tal besikers naam rap ta. Letter ferhuzen de tsjerke en lêskeamer nei in grutter gebou oan de Boompjes, in pân dat yn 1910 alwer ferlitten wurde moast omdat it boufallich waard.
Der moast nei in oare lokaasje socht wurde en de yn 1906 arrivearre predikant Jens Andreas Saxe liet dêrfoar it each falle op It Park. Nei in soad muoite krige er tastimming om dêr te bouwen, mei sicht op de Parkhaven. Yn dizze rêstige omkriten ferriisde in houten tsjerkje, yn typysk santjinde-iuwske Noarske boustyl.
It tsjerkje koe boud wurde troch gâns jeften, ûnder mear in bydrage fan Kening Haakon VII fan it krekt ûnôfhinklik wurden Noarwegen. Op 26 july 1914 waard it tsjerkje ynwijd troch biskop Erichsen út Bergen.
Yn 1937 moast in part fan It Park wike foar de oanlis fan de Maastunnel. Om't men it tsjerkje koste dat it kostet behâlde woe, waard it 170 meter ferpleatst en stiet it hjoed de dei njonken de yngong fan it park.
Op 3 oktober 1941 baarnde it wendiel diels út troch in Britske brânbom, de dûmny en syn famylje moasten in pear jier earne oars ferbliuwe, mar de skea koe wer op 'e nij opboud wurde. De tsjerkeromte sels rûn net in protte skea op en bleau yn gebrûk.
Sûnt 1999 is it houten tsjerkje, dat it grutste houten bouwurk fan Nederlân is, in ryksmonumint.
Ynterieur fan de tsjerke
Kategory:Tsjerkegebou yn Súd-Hollân Kategory:Bouwurk yn Rotterdam Kategory:Bouwurk út 1914