De Hagia Sofiatsjerke (Gryksk: Ἁγία Σοφία]) of de tsjerke fan 'e Hillige Wiisheid is in tsjerke yn it midsiuwske stedsje Monemvasia op 'e Peloponnesos yn Grikelân. De tsjerke is ûnderdiel fan in grutter archeologysk plak en stiet yn 'e eardere boppestêd. Oarspronklik wie de tsjerke wijd oan 'e Panagia Hodegetria. Yn 'e Fenesjaanske tiid waard de tsjerke in katolike tsjerke en yn 'e Ottomaanske tiid wie de tsjerke in moskee. Nei de Grykske Unôfhinklikheidskriich waard it gebou wer yn gebrûk nommen as tsjerke.
Skiednis thumb|left|De tsjerke fanút it noarden. Oer de skiednis fan 'e tsjerke is net in soad bekend om 't skriftlike boarnen ûntbrekke. De tsjerke wurdt faak mei keizer Andronikos II Palaiologos yn ferbân brocht, mar is nei alle gedachten in stik âlder. Oer it generaal wurdt oannommen dat de tsjerke werom giet op 1150, doe't Monemvasia in tiid fan ekonomyske bloei meimakke, foars groeide en assosjearre wurdt mei de suksesfolle ferdriuwing fan 'e Noarmannen yn 1147. It is net bekend of de tsjerke in kleaster of in parochytsjerke wie.
Yn 'e tiid fan 'e earste Fenesjaanske oermastering fan 1463 oant 1540 kaam de tsjerke yn katolike hannen. Doe't de Ottomanen it gebiet feroveren (1540-1690) feroaren de Turken de tsjerke yn in moskee. Yn 'e Turkske tiid hiet de eardere tsjerke Fethiye Camii (letterlik Moskee fan 'e Ferovering). Ek stie de moskee bekend as de Sultan Suleymaniye Camii. It gebou waard mei de twadde Fenesjaanske oermastering (1680-1715) in roomske kleastertsjerke fan it kleaster Madonna del Carmine.
Yn 1715 waard de tsjerke op 'e nij yn in moskee feroare en dat bleau sa oant 1821, doe't der in ein kaam oan 'e Ottomaanske besetting fan Grikelân. De troch de Turken op 'e súdlike kant tafoege minaret waard ôfbrutsen en it gebou waard op 'e nij as tsjerke ynwijd.
De westlike kant waard yn 1827 en yn 1846 renovearre. De hiele tsjerke waard yn 'e jierren 1958-1959 troch Evstathios Stikas restaurearre.
Fresko's thumb|left|Koepel. Doe't de Turken de tsjerke yn moskee feroaren, kalken hja de fresko's oer. Oan 'e súdlike kant waard de mihrab tafoege. De fresko's dy't bewarre bleaun binne byldzje de oankomst fan reliken fan Nikolaas fan Myra yn 'e haven fan Monemvasia út, nei't Italjaanske keaplju de reliken stellen hiene út Myra en nei Bari ferfierden. Oare muorreskilderingen binne aartsingelen yn 'e narteks en in fresko fan 'e Alde fan Dagen (Daniël 7). Ek is der 12e-iuwske byldhoukeunst yn 'e tsjerke bewarre bleaun.
Kategory:Monemvasia Kategory:Tsjerkegebou yn Grikelân Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou