Fantastic Hope is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteuren en skriuwers Laurell K. Hamilton en William McCaskey. De titel betsjut "Fantastyske Hoop". It boek omfettet 16 koarte ferhalen fan it fantasysjenre mei as oerkoepeljend tema hoop. De ferhalen geane oer it tsjuster fan 'e wanhoop dy't it bestean soms bringt, mar dêrby wurdt de lêzer tebinnenbrocht dat goede dieden, tawijing, humor, leafde en selsopoffering by steat binne om in ljocht te ûntstekken dat sa fel skynt dat it tsjuster tebeksmiten wurdt. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Kevin J. Anderson, Patricia Briggs en Hamilton en McCaskey sels.
Alle ferhalen út Fantastic Hope waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten letter troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn waarden yn eigen ferhalebondels. Fantastic Hope waard op 7 april 2020 publisearre troch de útjouwerij Berkley Books.
Ferhalen Jonathan Maberry, Twilight Falls (ûnderdiel fan 'e rige Joe Ledger Rogue Team International) Sharon Shinn, Not in This Lifetime Larry Correia, Mr. Positive, the Eternal Optimist Kacey Ezell, No Greater Love Griffin Barber, Broken Son Kevin J. Anderson, Heart of Clay (ûnderdiel fan 'e rige Dan Shamble, Zombie P.I.) John G. Hartness, Reprise (ûnderdiel fan 'e rige Quincy Harker, Demon Hunter) Patricia Briggs, Asil and the Not-Date (ûnderdiel fan 'e rige Alpha and Omega) Robert E. Hampson, In the Dust L.E. Modesitt jr., Fallen Patrick M. Tracy, Working Conditions M.C. Sumner, Last Contact William McCaskey, Ronin Michael Z. Williamson en Jessica Schlenker, Skjöldmóðir Monalisa Foster, Bonds of Love and Duty Laurell K. Hamilton, Zombie Dearest (ûnderdiel fan 'e rige Anita Blake, Vampire Hunter)
Kategory:Literêr wurk fan Laurell K. Hamilton Kategory:Literêr wurk fan William McCaskey Kategory:Fantasyferhalebondel Kategory:Ingelsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 2020