Must Love Cats: Aftermath is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut: "Moat fan Katten Hâlde: Neisleep". It ferhaal heart ta de Alpha and Omega-searje en folget de oerâlde en bot gefaarlike wearwolf Asil Moreno by it oprêden nei syn twadde jammerdearlik ferrûne blind date. Must Love Cats: Aftermath waard foar it earst publisearre yn 'e ferhalebondel Blind Date with a Werewolf út 2025. __TOC__ Eftergrûnynformaasje oer de haadpersoan Asil Moreno, byneamd "de Moar", is in tige gefaarlike wearwolf dy't sa âld is dat de behearsking oer syn wolf net mear hûndert persint is. Om't wearwolven lichaamlik net ferâlderje, sjocht er der lykwols noch altyd út as in jongeman fan omtrint 25 jier. Syn frou Sarai, de leafde fan syn libben, dy't ek in wearwolf wie, is yn 'e Napoleontyske Tiid fermoarde troch in heks (sjoch: Cry Wolf). Sûnt is er allinnich en likernôch tweintich jier lyn hat er him nei wenjen setten yn Aspen Creek, in doarpke yn Montana, dêr't de Marrok fêstige is. Dat is in wearwolf dy't noch âlder is as Asil sels en dy't regearret oer alle wearwolven yn Noard-Amearika. It is de iennichste dy't sa dominant is dat Asils wolf om syn sizzen jaan moat, wat wolris fan pas komme kinne soe as Asil op 't langelêst alhiel de kontrôle oer syn wolf ferliest.

Ynhâld Nei de earste mislearre blind date dy't syn "besoarge freonen" foar him regele hawwe (sjoch: Unappreciated Gifts), soe Asil tocht hawwe dat it eins net minder koe, mar dêr bliek er dochs mis mei te wêzen. Foar syn twadde blind date hiene se in ôfspraakje beävensearre mei in frommeske fia de datingwebside MustLoveCats.com. Dat wie in grap, fansels, of miskien in útdaging fan syn kinnen, mei't eltsenien wit dat wearwolven en katten net mei-inoar oer de wei kinne. (Medea, de aparte Mankske kat fan Mercy Thompson is datoangeande in útsûndering.)

Mar de frou oan wa't Asil keppele waard, naam nim mei foar in "winterpicknick" yn in ôfhandige skuorre yn 'e neite fan Great Falls. Dêr oankommen bliek der in hiel selskip op harren te wachtsjen, ûnder wa in jonge frou dy't harsels mei boeiens fêstsette litten hie en net foar it ferstân hie dat har selskipslju fan doel wiene om har by in magysk ritueel te offerjen. De tigerinne en de liuwinne, dy't yn 'e skuorre yn twa grutte koaien finzen sieten, waarden nei alle gedachten bewarre foar in oar, wichtiger ritueel. It wie de bedoeling dat Asil himsels ek boeie liet, mei't hy it oare minske-offer wêze moast.

Doe't er dêrfoar betanke, wiene de oanwêzigen dêr min oer te sprekken en besochten se him mei geweld te oermasterjen. Asil makke harren net dea, mar befrijde ynstee de tigerinne om wraak te nimmen op har tramtearders. Asil soarge derfoar dat it beëage froulike slachtoffer ien fan 'e mar in pear oerlibbenen wie fan it dêropfolgjende bloedbad. In oarenien wie it frommeske dat Asil meitroaid hie nei de skuorre, om't har dea betsjutte soe dat hy syn weddenskip mei syn "besoarge freonen" ferlieze soe oer it útsitten fan syn ôfspraakje. It wie noch in hiel o-heden om neitiid de tigerinne wer yn 'e koai te krijen, mei't se gjin ûnderskie makke tusken fijannen en freonen, en Asil ek oanfoel.

Nei't de oerbliuwsels fan 'e liken, en teffens de beide libbene froulju, ôffierd binne troch de behelpsume leden fan 'e pleatslike wearwolveridel, bliuwt Asil allinnich efter yn 'e skuorre mei de jonge tigerinne en de âlde liuwinne, wylst de troch him oprûne ferwûnings fluch genêze trochdat er in wearwolf is. Hy hat it folk fan 'e tigerinne warskôge, en dat is ûnderweis út Kalifornje wei. Foar de liuwinne hat er in plakje yn 'e Woodland Park Zoo yn Seattle witten te bemachtigjen.

Nei ferskate oeren wachtsjen, wêryn't Asil mei de liuwinne op syn mobile tillefoan The Lion King sjocht, arrivearret der by de skuorre in helikopter, dêr't de Pakistaansk-Amerikaanske Nura en har broer Hamza út stappe. "Beppe" (sa't de lju dy't mei dizze flok oanhelle binne de tigerkeninginne neame) hie tsjin Asil sein dat se net ien fan har folk miste, doe't er opskille om har te ynformearjen dat er ien fan harres yn in koai oantroffen hie. Mar Nura fertelt him dat neifraach útwiisd hat dat der in dochter ûntfierd is út in tûke fan 'e famylje dêr't al yn trije generaasjes gjin persoan mear út berne is dy't syn wiere foarm oannimme kin, en wêrmei't dêrom gjin kontakt mear ûnderholden waard. De tigerinne, dy't Zoya hjit, is like ôfhâldich foar de nijkommers oer as se foar Asil oer wie, mar dat feroaret wannear't Nura de koai yngiet en yn in flits fan magy har wiere foarm oannimt en feroaret yn in tiger.

Asil leit út dat de tigerinne en de liuwinne troch de lju dy't harren finzen holden, hearrich makke wiene mei in pear betsjoende halsbannen, makke troch de heks Mariposa. Mei't Asil der sa wis fan is as mar wêze kin dat dy al jierren dea is (sjoch: Cry Wolf), is it him in riedsel hoe't dy lju dêroan kommen binne. As Nura him oer de halbannen ûnderstiet, weaget Asil syn wurden as wied er in ierdgeast, mei't er har de yndruk jaan wol dat er de halsbannen ferneatige hat sûnder har direkt foar te ligen. Wylst Nura Zoya nei de helikopter bringt, ynformearret Hamza Asil dat der ien mist fan 'e fjouwer riedslju fan 'e tigerkeninginne dy't tagong hiene ta de ynformaasje oer alle tûken fan 'e famylje. Asil nimt dat nijs foar kennisjouwing oan.

Nei't de helikopter opstige en fuortflein is, komt Bran Cornick, de Marrok, de skuorre yn, dy't al dy tiid yn in auto bûtendoar sitten hat te wachtsjen. Asil lit foar him de missende, ferriedlike riedsman fan 'e tigerkeninginne foar 't ljocht komme, dy't no ien fan 'e halsbannen draacht om him ta hearrigens te twingen. De man hat him sûnt koart nei it bloedbad yn opdracht fan Asil ferburgen holden op 'e tilingen fan 'e skuorre. Bran nimt de man mei om út te finen wêr't hy en syn trewanten de halsbannen wei hiene en wêrom't se har mei har steurde rituelen yn it territoarium fan 'e Marrok bejûn hawwe.

Asil bliuwt efter mei de âlde liuwinne, dy't likemin as de tigerinne blykt te wêzen wat se liket. Hy fermoedet dat se in oerâlde Afrikaanske goadinne is, hoewol't sy dat ûntkent noch befêstiget. Hy fermoedet ek dat sy al âld wie doe't hysels noch berne wurde moast, en hy is sa âld dat er him noch skoan tebinnenbringe kin dat Karel Martel, de pake fan Karel de Grutte, yn 732 de Moaren fersloech yn 'e Slach by Poitiers. Hoewol't er har oanbean hie om by himsels te útfanhûzjen of om troch de Marrok earne ûnderbrocht te wurden, is se wisberet om nei de dieretún ta, dêr't, sa seit se, in pear jier lang neat oars fan har ferwachte wurde sil as dat se in âlde liuw is dy't mei gauwens stjerre sil. Se stelt foar om op 'e lange rit nei Seattle noch in film oer liuwen te sjen.

Kategory:Alpha and Omega Kategory:Literêr wurk fan Patricia Briggs Kategory:Fantasyferhaal Kategory:Ingelsktalich koart ferhaal Kategory:Koart ferhaal út 2025 Kategory:Literatuer oer wearwolven Kategory:Literatuer oer dating Kategory:Literatuer oer tigers Kategory:Literatuer oer liuwen Kategory:Literatuer oer minske-offers Kategory:Literatuer oer tsjoenderij Kategory:Literatuer oer stalferwikseling Kategory:Literatuer oer in flok Kategory:Literatuer oer goaden