Innosintius XIII (berne as Michelangelo Conti op 13 maaie 1655 yn Poli by Palestrina (Tsjerklike Steat); ferstoarn op 7 maart 1724 yn Rome) wie fan 1721 oant 1724 paus fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en hearsker fan 'e Tsjerklike Steat. Hy stamde út it Conti-laach, dêr't ek de ynfloedrike paus Innosintius III ta hearde. Dêrfandinne ek de kar foar dy namme.

Libben Michelangelo Conti studearre yn Ancona en yn Rome oan 'e Pauslike Universiteit Gregoriana. Paus Aleksander VIII beneamde him ta pauslike keamerhear. Under paus Innosintius XII waard er lid fan 'e Romeinske prelatuer.

Yn it jier 1695 waard er ta titulêr biskop fan Tarsus beneamd. Dêrnei gie er as pauslike nuntius nei Luzern, Switserlân. Yn it jier 1698 waard er nuntius yn Lissabon en op 17 maaie 1706 waard er troch paus Klemens XI ta kardinaal wijd. Earst yn febrewaris 1711 krige er de galero (it haaddeksel fan in kardinaal) en de titeltsjerke Santi Quirico e Giulitta. Yn it jier 1709 waard er biskop fan Osimo en fan 1712 oant 1719 ek noch biskop fan Viterbo.

Pontifikaat Op 8 maaie 1721 waard Michelangelo Conti keazen as de opfolger fan Klemins XI. Dat barde nei't de favoryt Fabrizio Paolucci troch in keizerlik veto fan Spanje útsletten waard om 't Paolucci te Frânsksinnich wie.

Paus Innosintius XIII wie foar herfoarming en stelde nije noarmen foar ienfâld op, wêrby't er oerdwealske útjeften ferbea. Hy sette stappen om in ein te meitsjen oan 'e praktyk fan nepotisme troch in dekreet út te jaan wermei't er syn opfolgers ferbea om lân, amtners of ynkommen te jaan oan sibben. In soad kardinalen moasten neat fan dat dekreet ha om't hja hopen dat se, as se paus wurde soene, harren famyljes begeunstigje koenen.

Hy wie konsekwint tsjin de jezuïten en easke fan har hearrigens en akseptaasje fan alle dekreten, fral yn 'e saneamde ritestriid (oer it oanpassen fan tsjerklike riten yn missygebieten oan lokale gewoanten) en feroardene dat der gjin nije leden yn 'e oarder opnommen wurde mocht. De jezuïten moasten neat fan it jansenisme ha en yn 'e hâlding fan Innosintius XIII foar de jezuïten oer seagen de Frânske biskoppen in goede gelegenheid om in fersyk yn te tsjinjen om de pauslike bul Unigenitus út 1713 yn te lûken, wêryn't it jansenisme feroardiele waard. Dat fersyk wie lykwols om 'e nocht.

De paus holp Malta yn 'e striid tsjin 'e Barbarijske seerôvers.

Innosintius XIII organisearre twa gearkomsten mei kardinalen, dêr't er trije kardinalen beneamde. Ien dêrfan wie syn eigen broer, Bernardo Maria. Hy ferklearre trije persoanen hillich: Jehannes fan Nepomuk (31 maaie 1721), Dalmazio Moner (13 augustus 1721), en Andrea dei Conti (11 desimber 1723). Op 25 april 1722 joech de paus oan Sint-Isidoarus de titel tsjerkelearaar.

Ferstjerren thumb|left|Tombe fan Innosintius XIII. Innosintius XIII waard slim siik yn 1724. Hy hie al langer lêst hân fan in ljiskbreuk, dêr't er allinnich mei syn tsjinstfeint oerprate. Healwei febrewaris 1724 waard it lijen slimmer en slagge it him net mear om oerein te kommen. Ek hie er lêst fan fochtophoping yn 'e fuotten, in oanwizing dat de nieren min funksjonearren. Moarns op 5 maart joech ien fan 'e pauselike dokters Innosintius XIII in laksearmiddel, mar dat wurke krektoarsom en makke de hernia slimmer. In besykjen ta reduksje wie mar foar in part suksesfol en resultearre yn in beknypte breuk. De paus ûnderfûn yn 'e nacht fan 5 op 6 maart grutte pine en krige al gau in ûntstekking en koarts. De paus wist doe dat er stjerre soe en frege om 'e lêste sakraminten. Hy stoar op 7 maart 1724 yn 'e âldens fan 68 jier. Syn pontifikaat wie ûnopfallend en koart, fral ek om't er pleage waard troch lichaamlik lijen. Hy waard begroeven yn 'e krypt fan 'e Sint-Piter.

Kategory:Paus Kategory:Italjaansk biskop Kategory:Persoan berne yn 1655 Kategory:Persoan stoarn yn 1724