Panagia Ekatontapiliani (Gryksk: Παναγία η Εκατονταπυλιανή); letterlik de tsjerke mei de 100 doarren) of Panagia Katapoliani (Gryksk: Παναγία η Καταπολιανή ) is in Byzantynsk tsjerkekompleks yn 'e stêd Parikia op it eilân Paros yn Grikelân. It tsjerkekompleks bestiet út in tsjerke mei noch twa kapellen en in krúsfoarmige doopkapel.
De oarsprong fan 'e namme fan 'e tsjerke is net dúdlik om 't de tsjerke gjin hûndert doarren of poarten hat. Neffens ien teory soe it in ferbastering wêze kinne fan 'e namme "Katapoliani", itjinge benedenstedstsjerke betsjut. De stêd leit nammentlik yn it legere diel fan 'e stêd Parikia.
Skiednis thumb|left|Ynterieur. De tsjerke datearret fan it jier 326. De âldste dielen stamme nei alle gedachten noch fan foar de ynstelling fan it kristendom as steatsgodstsjinst fan it Romeinske Ryk yn 391. Neffens sizzen waard de tsjerke stifte troch de mem fan 'e Romeinske keizer Konstantyn de Grutte (regear fan 306 oant 337), nammentlik Sint-Helena. Hja pylgere doe nei it Hillige Lân en makke in stop op it eilân om te bidden yn in kapel.
Letter waard it inisjatyf ta de bou ek oan Justinianus taskreaun. De tsjerke rekke swier skansearre troch in 18e-iuwske ierdskodding, mar stadichoan ek wer restaurearre. De tsjerke is in ferneamde Marije-beafeartstsjerke dy't yn 'e Egeyske See allinnich oertroffen wurdt troch de ferneamde Us-Leaffrouwetsjerke op it oanbuorjende eilân Tinos.
Leginde Alhoewol't de namme Ekatontapiliani Tsjerke mei de Hûndert Doarren betsjut, binne der op it stuit mar 99 doarren. Neffens de leginde hat de tsjerke 99 iepen doarren en noch in geheime doar dy't net te finen is. It folksleauwe wol hat dat as de hûndertste doar iepene wurdt, de Hagia Sofia yn Konstantinopel wer yn in otterdokse tsjerke wijd wurdt.
Kategory:Bouwurk út de 4e iuw Kategory:Tsjerkegebou yn Grikelân Kategory:Paros