De Nijseelânske spûkûle (Ninox novaeseelandiae) is in lytse brune ûle yn it skaai spûkûlen (Ninox), dy't yn Nij-Seelân foarkomt.
Skaaimerken De Nij-Seelânske spûkûle is in lytse en brune ûle fan 26 oant 29 sm lang. De ûle hat om 'e giele eagen in donker plak omseame troch in ljochte bopperâne. De snaffel is en de poaten
Hâlden en dragen It iten bestiet út ynsekten en fûgels, dy't yn 'e flecht fongen wurde.
Ferspriediging Nijseelânske spûkûlen libje yn hiel Nij-Seelân en op it eilân Norfolk.
Der wurde trije ûndersoarten erkend:
Ninox novaeseelandiae novaeseelandiae: Nij-Seelân. Ninox novaeseelandiae undulata: Norfolk. † Ninox novaeseelandiae albaria: Lord Howe-eilân (útstoarn)
Oant foar koart hearde de Tasmaanske spûkûle (Ninox leucopsis) ta de soarte. Foarhinne hearde ek de Australyske spûkûle (Ninox boobook) ta de soarte.
De Nijseelânske spûkûle libbet yn bosk mei lânseigen mar ek yntrodusearre fegetaasje. De soarte is seldsum yn 'e drûgere dielen fan Nij-Seelân. Hy is nachts aktyf en rêst oerdeis yn tichte begroeiing lykas beamfarens.
Status Nij Seelânske spûkûlen ha in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN beskôget de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Spûkûle Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Norfolk (eilân) Kategory:Lânseigen fauna yn Lord Howe