De Leti-eilannen binne in lytse eilannegroep yn 'e súdlike Molukken, Yndoneezje. De groep bestiet út trije haadeilannen: Leti, Moä en Lakor. Somtiden wurdt ek Kisar by de groep rekkene.

Geografy thumb|left|Tiakur. De eilannen lizze yn 'e Bandasee yn it eastlike diel fan 'e Yndonezyske arsjipel, ynklamme tusken Timor yn it westen en Nij-Guineä yn it easten en hearre bestjoerlik ta de Yndonezyske provinsje Molukken.

It meast westlike eilân is it 90.10 km² grutte Leti. Moä is it sintrale en grutste eilân en 361.60 km² grut. Op dat eilân leit it haadplak fan it regintskip dêr't de eilannen ûnder falle, Tiakur. Lakor is it meast eastlike eilân en 112.60 km² grut. Alle eilannen binne befolke.

Befolking De lânseigen taal is it Letineesk, mar dy taal wurdt mar troch in beheind tal minsken praat. Opfallend is de rappe befolkingsgroei fan 16.664 by de telling fan 2010 nei 26.870 yn 2020. Foar healwei 2024 is de rûzing 31.752 ynwenners. De befolking fan 'e eilannegroep bestiet út foar it grutste part út kristenen mei lytsere islamityske mienskippen.

Kategory:Molukken Kategory:Eilân yn Yndoneezje Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan