In kielflap is in ûnbeweeglike hûdflap oan 'e kiel fan beskate soarten hagedissen. Dêrby giet it benammen om leguanen (Iguanidea), lykas de griene leguaan (Iguana iguana). De kielflap hat gjin anatomyske funksje en tsjinnet inkeld as geslachtsskaaimerk: gruttere mantsjes hawwe in ûnevenredich folle gruttere kielflap.
De kielflap moat net betize wurde mei de halsknoarre, in beweeglike hûdflap dy't oan 'e kiel sit by beskate soarten hagedissen dy't hearre ta de famylje fan 'e anolissen (Dactyloidae). Guon bisten, lykas beskate fûgelsoarten en ek ferskillende kameleöns (Chamaeleonidae), kinne har kielhûd opblaze oant it in soarte fan ballon liket. Yn sokke gefallen sprekt men ek net fan in kielflap, mar fan in kielpûde.
Sjoch ek halsknoarre kielpûde
Kategory:Biste-anatomy Kategory:Hagedis