De Woodland Park Zoo is in dieretún en natoerbeskermingsorganisaasje yn 'e stêd Seattle, yn 'e Amerikaanske steat Washington. Dizze dieretún waard yn 1899 oprjochte en hie anno 2020 likernôch 900 bisten út sa'n 250 ûnderskate soarten. Der komme jiers mear as ien miljoen besikers del. De Woodland Park Zoo, dy't ferneamd is nei it omlizzende park Woodland Park, stiet tige heech oanskreaun en hat troch de jierren hinne mear as 65 prizen wûn.

Geografy De Woodland Park Zoo is fêstige yn 'e stêd Seattle, yn 'e Amerikaanske steat Washington. De dieretún beslacht de westlike helte fan it Woodland Park, dêr't er nei ferneamd is, yn 'e stedsbuert Phinney Ridge.

Skiednis De Woodland Park Zoo begûn as in privee-menazjery op it lângoed fan Guy C. Phinney, in út Kanada ôfkomstige projektûntwikkeler en eigner fan in houtseagerij. Seis jier nei it ferstjerren fan dyselde, op 28 desimber 1899, ferkocht syn widdo it 76 ha mjittende Woodland Park oan 'e gemeente Seattle foar $5.000 yn kontanten en de oername fan in hypoteek fan $95.000. It totaalbedrach (fan $100.000) wie foar dy tiid sa grut, dat boargemaster W.D. Wood syn feto oer de oankeap útspriek, mar de foarstanners hiene yn 'e gemeenteried in mearderheid dy't grut genôch wie om syn feto fuort te stimmen. As oprjochting fan 'e Woodland Park Zoo wurdt it stuit beskôge dat de privee-menazjery fan Phinney yn publike hannen kaam, dus de dei fan 'e oankeap fan Woodland Park troch de gemeente Seattle.

Yn 1902 waarden de firma fan 'e bruorren Olmsted, út Boston, ynhierd om 'e ûnderskate parken fan Seattle te ûntwerpen, wêrûnder Woodland Park. Yn 1903 waard de bistesamling fan 'e privee-menazjery fan Leschi Park gearfoege mei de Woodland Park Zoo.

In yngeande útwreiding fan 'e Woodland Park Zoo waard yn 1968 foarsteld as part fan 'e saneamde Forward Thrust ("Sprong Foarút"). Dêrby waard in nij ûntwerp foar de dieretún makke troch arsjitekt George Bartholick. As ûnderdiel dêrfan soe der in fiadukt oer de oangrinzgjende Aurora Avenue komme, sadat nije bisteferbliuwen yn it diel fan Woodland Park oan 'e eastkant fan dy strjitte oanlein wurde koene. Omwenjenden wiene op dat plan tsjin, en doe't it yn novimber 1974 by in referindum oan 'e ynwenners fan Seattle foarlein waard, wiisden dy it ôf.

Yn 1975 werûntwurp de doetiidske direkteur fan 'e Woodland Park Zoo, David Hancocks, it ferbliuw fan 'e gorilla's sadat der wat ûntstie dat neitiid in lânskipsûnderdompelingsferbliuw kaam te hjitten. Dêryn waarden de bisten by wize fan sprekken ûnderdompele yn in lânskip dat sa goed mooglik harren natuerlike habitat neibearde. It ferbliuw waard ûntwurpen mei lânseigen planten út 'e regio dêr't de bisten weikamen, en mei natuerlik útsjende rotspartijen, dêr't lûken en doarren yn fuortwurke wiene. Yn 't earstoan kaam der in protte krityk op, mei't dieretúnkenners swierrichheden seagen op it mêd fan it ûnderhâld fan 'e planten en teffens foar wat de sichtberens fan 'e bisten foar de dieretúnbesikers oangie. Mar meitiid waarden lânskipsûnderdompeingsferbliuwen de standert foar reälistyske bisteferbliuwen yn dieretunen fan oer de hiele wrâld.

Ferbliuwen en bisten De wichtichste bisteferbliuwen yn 'e Woodland Park Zoo binne: Tropical Asia ("Tropysk Aazje"), in ferbliuw dat bisten sjen lit út 'e tropyske dielen fan Súd-Aazje en út Súdeast-Aazje. It bestiet út trije ûnderdielen mei û.o. de folgjende bisten: Assam Rhino Reserve: Yndyske noashoarnen (Rhinoceros unicornis). Banyam Wilds: Maleiske tigers (Panthera tigris jacksoni), lippebearen (Melursus ursinus), lytsklau-otters (Aonyx cinereus), ferskate soarten fûgels. The Trail of Vines: Sumatraanske orang-oetans (Pongo abelii), siamangs (Symphalangus syndactylus), Maleiske tapirs (Tapirus indicus), ferskate soarten pytons. (It Assam Rhino Reserve wie earder it Elephant Forest, mar waard omneamd nei't de lêste Aziatyske oaljefanten (Elephas maximus) yn 2015 oerpleatst waarden nei de Oklahoma City Zoo yn Oklahoma City.) African Savanna ("Afrikaanske Savanne"), in ferbliuw dat bisten toand fan 'e savannes fan East-Afrika, wêrûnder: noardlike sjiraffen (Giraffa camelopardalis), steppesebra's (Equus quagga), strúsfûgels (Struthio camelus), liuwen (Panthera leo), knobbelswinen (Phacochoerus africanus), huzaarapen (Erythrocebus patas) en ferskate soarten fûgels. Der is ek in tradisjoneel Eastafrikaansk doarp neimakke. Australasia ("Australaazje"), dêr't bisten út Austraalje te sjen binne, lykas emoes (Dromaius novaehollandiae), wallaroes (Osphranter robustus) en readnekwallabys (Notamacropus rufogriseus). Fuort njonken Austalasia stiet Willawong Station, dêr't ferskate soarten fûgels út Austraalje húsfêste binne, wêrûnder grutte gieltoefkakketoes (Cacatua galerita) en oare soarten kakketoes. The Living Northwest Trail leit him ta op bisten út it noarden fan Noard-Amearika, wêrûnder grizzlybearen (Ursus arctos horribilis), sniegeiten (Oreamnos americanus), wapitys (Cervus canadensis), rivierotters (Lontra canadensis), wolven (Canis lupus) en stellersee-earnen (Haliaeetus pelagicus), dy't eins net út Noard-Amearika komme, mar fan it Kamtsjatkaskiereilân yn it Fiere Easten fan Sibearje. It ferbliuw is in imitaasje fan in echt paad dat troch it Nasjonaal Park Denali yn Alaska rint. Tropical Rainforest ("Tropysk Reinwâld") toant bisten út it tropysk reinwâld fan Súd-Amearika, Afrika en Madagaskar, lykas westlike leechlângorilla's (Gorilla gorilla gorilla), ringsturtmakys (Lemur catta), reade farys (Varecia rubra) en súdlike franje-apen (Colobus angolensis). Temperate Forest ("Tuskenbeiden Wâld") lit bisten sjen út 'e tuskenbeiden wâldgebieten fan 'e wrâld, lykas súdlike pûdû's (Pudu puda), westlike lytse panda's (Ailurus fulgens), Sileenske flamingo's (Phoenicopterus chilensis), Sineeske kraanfûgels (Grus japonensis), wytnekkraanfûgels (Antigone vipio) en moannewolven (Chrysocyon brachyurus).

Oare ferbliuwen yn 'e Woodland Park Zoo binne it Bug House, dêr't û.m. ferskate soarten ynsekten en slakken holden wurde; de flintertún, mei ferskate soarten eksoatyske flinters; it Raptor Center, dêr't ferskate soarten rôffûgels (Ingelsk: raptor) holden wurde; en de bernebuorkerij, mei bargen (Sus scrofa domesticus), skiep (Ovis aries), geiten (Capra aegagrus hircus) en kij (Bos taurus). De snieloaihoarsen (Panthera uncia) út 'e Himalaya en Sintraal-Aazje, humboldtpinguïns (Spheniscus humboldti) út Súd-Amearika, Komodofaranen (Varanus komodoensis) út 'e Lytse Sûnda-eilannen en stôksturtsjes (Suricata suricatta) út Súdlik Afrika hawwe eigen ferbliuwen. Blauwe pauwen (Pavo cristatus) kinne har frij troch de hiele dieretún bewege.

Prizen De Woodland Park Zoo hat foar de ynrjochting fan syn bisteferbliuwen troch de jierren hinne mear as 65 prizen yn ferskillende kategoryen krigen fan 'e Amerikaanske Feriening fan Dieretunen en Akwaria (AZA). Dêrmei stiet de dieretún wat oantallen prizen oangiet op it twadde plak nei de Bronx Zoo yn New York.

Benefytkonserten ZooTunes is de namme fan in rige benefytkonserten dy't simmerdeis al sûnt 1983 yn 'e Woodland Park Zoo holden wurde om jild yn te sammeljen foar ferskate dieretúnprogramma's en -aktiviteiten. Foar ZooTunes wurdt de North Meadow ("Noardergreide") fan 'e dieretún feroare yn in amfiteäter dat 3.700 minsken hâlde kin.

Mienskipsbelutsenens en natoerbeskermingsprojekten De Woodland Park Zoo is aktyf belutsen by projekten oangeande natoerbeskerming en ekologysk ûndersyk yn 'e hiele Feriene Steaten. Njonken it feit dat der in eigen edukaasjeprogramma foar de skoalbern bestiet, wurket de dieretún ek gear mei ferskate ynstituten foar heger ûnderwiis yn 'e steat Washington, wêrûnder de Universiteit fan Washington.

Der bestiet ek in gearwurkingsferbân mei de Oregon Zoo yn Portland, ferskate oerheidsynstânsjes lykas de U.S. Fish and Wildlife Service, en private natoerbeskermingsorganisaasjes. Sa is de Woodland Park Zoo mei de neamde partners behelle yn it wer by de wâl op helpen fan beskate krityk bedrige soarten, lykas de Oregonsulverstip (Speyeria zerene hippolyta), in flinter, en de Pasifyske wetterskyldpod (Actinemys marmorata).

Galery

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Woodland Park Zoo

Kategory:Seattle Kategory:Dieretún yn de Feriene Steaten Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1899