De Yndyske wâldûle (Strix ocellata) is in ûle yn it skaai Strix yn 'e famylje ûlefûgels (Strigidae).

Beskriuwing thumb|left|Fûgel yn Bhigwan, Maharashtra (Yndia) De wâldûle wurdt 41 oant 48 sm. Karakteristyk binne de konsintryske swarte sirkels op it gesicht. De mantel, rêch en wjukfearren binne donkerbrún oant kastanjebrún en wyt- en swart moarmere. In soad fearren ha ljochte sintra mei donkere rânen. It boarst en de búk binne rossich-bêzje oant waarm krêm mei in tichte en fine bandearing yn kastanjebrún en donkerbrún. De slachpinnen ha donkerbrune en ljochtbêzje dwersstreken. De sturt is brún mei ferskillende ljochte dwersbannen. It kin is wyt, de orbitale ring is oranje, de eagen binne donkerbrún, de snaffel is hoarnswart en de poaten binne gielbrún. De sturt is smel streept yn brún en swart. De rop is in spûkeftich, triljend lûd

Fersprieding De soarte komt foar yn Yndia en bestiet út trije ûndersoarten:

Strix aluco grisescens: noardwestlik en it noardlik part fan Sintraal-Yndia. Strix aluco grandis: westlik Yndia. Strix aluco ocellata: sintraal en súdlik Yndia.

De fûgel libbet yn gebieten mei iepen bosk fan leechlân oant in hichte fan likernôch 1.100 m. De fûgel wurdt ek yn oan rânen fan doarpen en lânbougebieten sjoen. De ûle yt rotten, mûzen en oare kjifdieren, lytse fûgels oant in grutte fan in do, hagedissen en grutte ynsekten.

Status It is net bekend hoe grut de wrâldpopulaasje is, mar de soarte is net algemien. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre. Om't it habitat fan 'e soarte ôfhinklik is fan bosk en der sprake is fan ûntbosking, wurdt der fan útgien dat de oantallen ôfnimme.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wâldûle Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia