Slange-earnen (Circaetus) binne in fûgelskaai yn 'e famylje haukfûgels (Accipitridae). De wittenskiplike namme Circaetus waard foar it earst publisearre yn 1816 troch Louis Pierre Vieillot.
Slange-earnen binne middelgrutte rôffûgels mei frij brede wjukken en in rûne kop. Se jeie op reptilen, benammen slangen, mar ek hagedissen, fûgels en soms lytse sûchdieren.
De measte soarten libje yn Afrika, mar de gewoane slange-earn briedt yn Súd-Europa, Europeesk-Ruslân oant Yndia. De Europeeske populaasje oerwinteret yn Afrika.
Soarten It skaai wurdt yn 7 soarten ûnderferdield: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status/Trend120px Circaetus gallicus slange-earn Europa, Aazje,oerwintering yn Afrika net bedrigestabylCircaetus gallicus op BirdLife120px Circaetus beaudouini Sahelslange-earn West-Afrika oant Súd-Sûdan, Uganda kwetsber25pxCircaetus beaudouini op BirdLife120px Circaetus pectoralis swartboarstslange-earn East- en Súd-Afrika net bedrigestabylCircaetus pectoralis op BirdLife120px Circaetus cinereus brune slange-earn Afrika besuden de Sahara,ôfwêzich yn it Kongobekken net bedrige25pxCircaetus cinereus op BirdLife120px Circaetus fasciolatus grize slange-earn Kenia, Mozambyk, Somaalje,Tanzania, Simbabwe, Súd-Afrika hast bedrige25pxCircaetus fasciolatus op BirdLife120px Circaetus cinerascens lytse slange-earn West-Afrika oant Etioopje,oant nei it suden ta oant Botswana en Simbabwe net bedrige25pxCircaetus cinerascens op BirdLife120px Circaetus spectabilis Kongoleeske slange-earn West-Afrika, Sintraal-Afrika net bedrige25pxCircaetus spectabilis op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Haukfûgel