Scheherazade is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel ferwiist nei Sjeherazade, de fertelster út 'e Ferhalen fan Tûzen en Ien Nacht (sjoch foar fierdere útlis: § Utlis fan 'e titel). It ferhaal heart ta de Alpha and Omega-searje en folget de oerâlde en bot gefaarlike wearwolf Asil Moreno as dyselde oerhelle wurdt om op in fyfde blind date te gean dy't foar him regele is troch syn "besoarge freonen", ek al wie it fjirde ôfspraakje eins al rekke. Scheherazade waard foar it earst publisearre yn 'e ferhalebondel Blind Date with a Werewolf út 2025. __TOC__ Utlis fan 'e titel De titel fan dit koarte ferhaal ferwiist nei Sjeherazade, de fertelster út 'e Ferhalen fan Tûzen en Ien Nacht. Yn dy ferhalen hat in sultan it foar de moade om 'e froulju út syn harem, nei't se in nacht mei him trochbrocht hawwe, deameitsje te litten, sadat se him net ûntearje kinne troch neitiid temûk mei oare manlju om te slaan. Sjeherazade betinkt in list, wêrby't se de sultan nei de seks in spannend ferhaal fertelt, dat noch net út is foar't de sultan der de oare moarns ôf moat. Om't er witte wol hoe't it ferhaal ôfrint, docht er wat dat er noch nea earder dien hat: hy lit Sjeherazade libje en nimt har dy jûns wer mei op bêd. Sy fertelt him de ôfrin fan it ferhaal, wêrnei't se seksuele omgong hawwe, mar dan begjint se oan in nij ferhaal, dat se wer net út kriget ear't de nacht om is. Dêrmei keapet se foar in twadde dei letterlik útstel fan eksekúsje. De sultan lit har dy jûns fannijs komme om 'e ôfrin fan it ferhaal te hearren, mar Sjeherazade begjint dy nacht oan in trêde ferhaal, en sa giet it tûzen en ien nacht troch oant de sultan úteinlik beslút om foargoed fan har dea ôf te sjen en mei har te trouwen.
Yn Scheherazade giet it oer in jonge frou dy't troch har folle âldere, machtige, sadistyske man twongen wurdt om mei oare manlju út te gean en seks te hawwen. De earste kear fertelt se de man mei wa't se útgiet, wat der oan 'e hân is. Ynstee fan mei har op bêd te gean, biedt hy har syn help oan om oan har houlik te ûntkommen. Werom by har eigen man fertelt se him persiis wat der bard is, yn 'e hope dat er ophâlde sil mei syn aaklike kluchten en om dúdlik te meitsjen dat se der net oan meiwurkje sil. Dêrop lit hy de freonlike man dy't har syn help oanbean hie fermoardzje. Tenei pakt sy it oars oan: se giet mei de mannen dy't har man foar har útkiest út, mar behannelet se sa kâld en minachtsjend, dat se har net útstean kinne en har sa gau mooglik ôfjouwe. Mei net ien fan allegearre giet se op bêd. Mar werom by har man, dy't eltse kear fan har in mûnling ferslach easket, fertelt se folslein byinoar fantasearre ferhalen oer har seksuele ferrjochtings.
Eftergrûnynformaasje oer de haadpersoan Asil Moreno, byneamd "de Moar", is in tige gefaarlike wearwolf dy't sa âld is dat de behearsking oer syn wolf net mear hûndert persint is. Om't wearwolven lichaamlik net ferâlderje, sjocht er der lykwols noch altyd út as in jongeman fan omtrint 25 jier. Syn frou Sarai, de leafde fan syn libben, dy't ek in wearwolf wie, is yn 'e Napoleontyske Tiid fermoarde troch in heks (sjoch: Cry Wolf). Sûnt is er allinnich en likernôch tweintich jier lyn hat er him nei wenjen setten yn Aspen Creek, in doarpke yn Montana, dêr't de Marrok fêstige is. Dat is in wearwolf dy't noch âlder is as Asil sels en dy't regearret oer alle wearwolven yn Noard-Amearika. It is de iennichste dy't sa dominant is dat Asils wolf om syn sizzen jaan moat, wat wolris fan pas komme kinne soe as Asil op 't langelêst alhiel de kontrôle oer syn wolf ferliest.
Ynhâld Dizze desimber hat Asil fan "besoarge freonen" dy't har ferskûlje efter in anonym tydlik e-mailadres fiif blind dates kado krigen sadat er hooplik dit jier mei de kryst net allinnich hoecht te wêzen. Hoewol't Asil in moslim is foar wa't de kryst inkeld ynhâldt dat er in skoft bestookt wurdt mei oer it algemien minne muzyk, besleat er it spultsje oarspronklik mei te spyljen om't er op syn leeftyd net sa faak mear dingen meimakket dy't er noch nea meimakke hat. (Om in yndikaasje fan dy leeftyd te jaan: it heucht him noch skoan hoe't Karel Martel, de pake fan Karel de Grutte, yn 732 de Moaren fersloech yn 'e Slach by Poitiers.) Mar nei't de earste beide blind dates op alderraarste wize misbetearden (sjoch: Unappreciated Gifts, resp. Must Love Cats: Aftermath), besleat er troch te setten om't der sprake wie fan safolle tafal dat er der de hân fan Allah yn seach.
Op 'e fjirde blind date (sjoch: Dating Terrors) hat Asil lykwols Ruby Kowalczyk troffen, in frou dy't in healbloed-ierdgeast is en dy't op foar him ûnferklearbere wize syn wolf genêzen hat. Dy wie sûnt de dea fan syn oarehelte Sarai yn 'e Frânske Tiid nammentlik neat mear as in ûnoansprekber wyld bist, dat oan ien wei troch wei wie yn razernij. Asil hat dêrom gjin ferlet fan 'e fyfde en lêste blind date, mar syn "besoarge freonen" steane der o sa by him op oan om it dochs trochgean te litten. Wannear't in sniestoarm, dy't sa hommels opkomt dat de meteorologen der gjin ferklearring foar hawwe, ynienen Seattle, dêr't de fyfde blind date plakfine sil, fan 'e bûtenwrâld ôfslút, sadat Asil de stêd net út kin, sjocht er dat fannijs as in – net sa subtile – hantwizing fan Allah. Nei't er Ruby de saak útlein hat, giet it dêrom dochs oan mei de fyfde blind date.
Asil syn "besoarge freonen" hawwe foar him in ôfspraakje regele fia SwingingWithStrangers.com, in datingwebside foar swingers. Syn date is in Mari-Brigid Álvarez, de jonge en byldmoaie frou fan in rike sakeman dy't libbet as wied er in klúzner. Asil moat har nei it Winter Charity Ball begeliede, in bal dat elts jier by 't winter holden wurdt om jild yn te sammeljen foar in goed doel dat jierren lyn troch de hear Álvarez oprjochte is. Nei't it skynt, hat Álvarez der niget oan as syn frou mei oare manlju sliept, mar neffens de gebrûksbetingsten fan 'e webside is Asil nearne ta ferplichte.
Asil wurdt by syn hotel ôfhelle troch Mari-Brigid har sjauffeur, wêrnei't se tegearre har ôfhelje by de pleatslike filla fan Álvarez. Hy wurdt yn 'e auto fuortendaliks de rook fan in fampier gewaar, mar de sjauffeur is in gewoane minske. Asil kriget lykwols de skrik fan syn libben wannear't er Mari-Brigid foar it earst sjocht: hja liket sa sterk op Mariposa, dat er earst mient dat dy it is. Mar dat kin net, want Mariposa, syn pleechdochter en de swarte heks dy't syn frou Sarai fermoarde hat, is sûnder mis dea (sjoch: Cry Wolf). Mari-Brigid har rook fertelt him dat sy wier-wier de dochter fan Mariposa is, oars as de swarte heks Tami, dy't er op syn trêde blind date trof en dy't inkeld bewearde de dochter fan Mariposa te wêzen (sjoch: Asil and the Not-Date). Mar Mari-Brigid is gjin heks en likemin in fampier. Wannear't hy har freget fan wa't se ien is, fertelt se him dat se har mem, dy't har fuort nei de berte yn 'e steek litten hat, nea kennen hat. Har heit is in rike Italjaanske sakeman, Iacopo Bonarata.
Asil begrypt dan hoe't it gien wêze moat. Want Bonarata is nimmen oars de Hear fan 'e Nacht, de Milaneeske fampier dy't al sûnt de Renêssânse oer alle fampieren yn Jeropa hearsket. Der wurdt fan grute dat dyselde graach in eigen swarte heks hawwe wol om foar him te tsjoenen. Asil fermoedet dat Mariposa ris wat wurk foar Bonarata dien hat en dat se doe betelle is om him in dochter te skinken, yn 'e hoop dat dy de fermogens fan in heks fan har mem ervje soe. (Dat fampieren gjin bern oansette kinne en dat Bonarata dus in minsklike plakferfanger brûkt hawwe moat, is yn dit ferbân net relevant; op alle manearen dy't derta dogge, is Mari-Brigid syn dochter.) Mar doe't bliken die dat sy gjin heks wie, ferlear se har wearde foar Bonarata. It fanke waard grutbrocht op djoere kostskoallen yn Switserlân om, ienris mearderjierrich, úthyke te wurden oan Bonarata syn trewant Álvarez. Asil begrypt no dat dy Álvarez (net syn wiere namme, natuerlik) sels ek in iuwenâlde fampier wêze moat.
As er Angus Hopper, de alfa fan 'e ridel wearwolven dy't yn Seattle fêstige is, fia tekstjen befreget oer fampieren yn syn stêd, antwurdet dy dat Bonarata in nije filla yn Seattle bouwe lit (eat dêr't Angus alhiel net bliid mei is), mar dat der fierders gjin fampieren binne. Fan Mari-Brigid begrypt er lykwols dat har man him al jierren yn Seattle ophâldt, en dat dyselde him omjûn hat mei oare, minder machtige, mar dochs ek noch hiel âlde fampieren. Machtich genôch, yn elts gefal, om mei har eigen magy de pleatslike wearwolveridel foar it lapke te hâlden oangeande har oanwêzichheid yn 'e stêd. Angus is dêr, sêft sein, min oer te sprekken.
Asil beslút Mari-Brigid en har sjauffeur, dy't Bobby Anderson hjit en smoarfereale op har is, yn fertrouwen te nimmen. Sy hawwe der net folle fidúsje yn dat hy harren befrije kin út 'e kloeren fan Álvarez, mar se binne wanhopich en wolle alles wol besykje. Mari-Brigid sit finzen yn in leafdeleas houlik mei in sadistyske fampier dy't har tsjin har wil úthuorket oan oare mannen. Sy wegeret syn spultsje mei te spyljen, mar poeieret har dates mei de help fan Bobby ôf sûnder ea mei harren op bêd te gean. Wannear't Álvarez har neitiid twingt om him te fertellen oer har bûtenechtlike eskapades, fantasearret se al har seksuele ferrjochting byinoar. Sy mient dat se him op dy wize mei súkses bedragen hat, mar Asil leaut dêr neat fan en is fan miening dat Álvarez mei har omboartet. Bobby, dy't al syn hiele 37-jierrige libben yn 'e tsjinst fan 'e fampier stiet (krekt as syn heit en pake foar him), fertelt dat Álvarez al ferskate froulju hân hat foarôfgeande oan Mari-Brigid, dy't er lang om let sûnder útsûndering fermoarde hat.
Asil, dy't in idele en arrogante âld wolf is, hat der gjin twifel oer dat er Álvarez op sa'n manear deameitsje kin dat de fampier diskear ek wier dea bliuwt. Ek kin er Mari-Brigid en Bobby fan Álvarez befrije. Mar beide dingen tagelyk, dat wurdt in hiele toer. In útdaging, dêr hâldt Asil wol fan. Hy giet mei Mari-Brigid nei it goeddiedichheidsbal, dêr't er him útslooft by it dûnsjen en iepentlik mei Mari-Brigid flirt om Álvarez lulk te meitsjen. Want wat Mari-Brigid ek miene mei, Asil is derfan oertsjûge dat se op it bal goed yn 'e rekken holden wurde, en dat Álvarez it eins hielendal net moai fynt as syn frou echt wille hat op sa'n ôfspraakje dat hy foar har regele hat. Sa't er al ferwachte, komt der oan 'e ein fan 'e jûn, wannear't it bal dien is hy en Mari-Brigid fuort sille, in ober by him dy't him nei in sydkeamer ta ropt dêr't immen him te wurd wol. It blykt Álvarez te wêzen, in fampier dy't Asil no weromken ûnder syn bynamme de "Wite Ingel". De fampier byt him en drinkt syn bloed, mar Asil byt werom en drinkt op syn beurt it bloed fan 'e fampier. Dat hie Álvarez net ferwachte. Troch de útwikseling fan bloed ûntstiet tusken harren in mystike mentale bân, wat betsjut dat se inoar altyd wer fine kinne. Wylst Álvarez noch oan it bykommen is fan 'e skok fan it drinken fan it bloed fan sa'n oerâlde wearwolf as Asil, spilet Asil fan rutens.
Hy bringt Mari-Brigid en Bobby nei de Fiktoriaanske filla ta dêr't er syn blind date mei Ruby hân hat. Dêr jouwe Angus Hopper en syn wolven har by harren, en ek de wite heks Moira Keller, de bline libbenspartner fan 'e wearwolf Tom Franklin. Ruby, dy't de kaaien fan 'e filla hie, is dêr ek noch, al hie Asil har hjitten om inkeld de boel fan 't slot te dwaan en dan wer fuort te gean. Hy hat de filla útkeazen om't dat, nettsjinsteande de leechstân, in wente is dêr't fampieren net ûnútnûge oer de drompel komme kinne. Asil sels bejout him nei it iennichste oare plak yn Seattle dat er ken fan in earder besyk oan 'e stêd, te witten: de Woodland Park Zoo. Dy dieretún hat er nei syn twadde, desastreus ferrûne blind date (sjoch: Must Love Cats: Aftermath) in tige âlde liuwinne hinne brocht dy't folle mear wie as se op it earste each liek te wêzen, om dêr har lêste dagen goed fersoarge troch te bringen.