De weakdieren (Mollusca) binne in stamme fan de boppestamme fan oermûnigen (Protostomata), mei in sêft lichem en ornaris in skulp. Nei artropoden is it de stamme mei de measte soarten; nei skattings yn 2019 fan gauris 50.000 seeweakdieren, mear as 25.000 lânseigen weakdieren, en mear as 6.000 swietwetterweakdieren.
Weakdieren fertoane in grutte morfologyske ferskaat en binne ferdield yn sa'n acht klassen, dêr't de bekendste de slakken (Gastropoda) binne, de twaskulpdieren (Bivalvia), en de inketfissen (Cephalopoda). Der binne wichtige ferskillen yn anatomy, hâlden en dragen, en habitat, mar weakdieren diele ferskate skaaimerken, lykas de struktuer fan it senuwstelsel, it iepen sirkulaasjesysteem, en de ûntwikkeling fan it embryo.
Der is goed wat bewiis foar dat slakken, ynketfisken en skulpdieren ûntstien binne yn it Kambrium, 541 oant 485,4 miljoen jier werom. In oantal weakdieren wurde ek wol skulpdieren neamd. Dy groep omfiemet de mossel, kokkel, oester, slak, ynketfisk en sint-jakobsskulpen.
Klassifikaasje fan weakdieren <big>Klassifikaasje fan it bisteryk ryk dieren (Animalia) ûnderryk middendieren (Mesozoa)
ûnderryk echte dieren (Metazoa) tuskenryk spûnsdieren (Parazoa)
rangleas tuskentakson orgaandieren of weefseldieren (Eumetazoa) tuskenryk radiaaldieren (Radiata)
tuskenryk twasidigen (Bilateria) rangleas tuskentakson riedseltermdieren (Xenocoelamorpha)
rangleas tuskentakson termdieren (Nephrozoa) boppestamme nijmûnigen (Deuterostomata)
boppestamme oermûnigen (Protostomata) stamme pylkwjirms (Chaetognatha) rangleas tuskentakson ferfellingsdieren (Ecdysozoa)
rangleas tuskentakson platwjirmeftigen (Platyzoa) rangleas tuskentakson echte platwjirmeftigen (Rouphozoa)
rangleas tuskentakson toskplatwjirmeftigen (Gnathifera)
rangleas tuskentakson kaamkrânsdieren (Lophotrochozoa) rangleas tuskentakson kaamdieren (Trochozoa) stamme ringwjirms (Annelida)
stamme snoerwjirms (Nemertea)
stamme weakdieren (Mollusca) rangleas tuskentakson skulpdragende weakdieren (Conchifera) klasse Helcionelloida † klasse inketfisken (Cephalopoda) klasse mûtsweakdieren (Monoplacophora) klasse Rostroconchia † klasse slakken (Gastropoda) klasse toskskulpen (Scaphopoda) klasse twakleppigen (Bivalvia; foarh. Lamellibranchiata en Pelecypoda) rangleas tuskentakson stikelweakdieren (Aculifera) klasse krobslakken (Polyplacophora) ûnderklasse korsetkrobslakken (Neoloricata) ûnderklasse oerkorsetkrobslakken (Paleoloricata) † klasse plaatleaze stikelweakdieren (Aplacophora) ûnderklasse skyldpoatigen (Caudofoveata) ûnderklasse wjirmweakdieren (Solenogastres) rangleas tuskentakson tentakelkrânsdieren (Lophophorata)
Kategory:Bistestamme Kategory:Kaamkrânsdier