A Fantastic Holiday Season: The Gift of Stories is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteuren en skriuwers Kevin J. Anderson en Keith J. Olexa. De titel betsjut letterlik "In Fantastyske Kryst: It Geskink fan Ferhalen". It boek omfettet 14 koarte ferhalen fan it fantasysjenre. It oerkoepeljende tema is kryst. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Mercedes Lackey, Mike Resnick, Patricia Briggs en Anderson sels.

Alle ferhalen út A Fantastic Holiday Season: The Gift of Stories waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten letter troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn waarden yn eigen ferhalebondels. A Fantastic Holiday Season: The Gift of Stories waard op 8 oktober 2014 publisearre troch de útjouwerij WordFire Press.

Ferhalen Kevin J. Anderson, Naughty & Nice (ûnderdiel fan 'e rige Dan Shamble, Zombie P.I.) Nina Kirki Hoffman, Close Knit Brad R. Torgersen, Astronaut Nick Mercedes Lackey, The Longest Night (ûnderdiel fan 'e rige Rot & Ruin) Quincy J. Allen, Jimmy Krinklepot and the White Rebels of Hayberry Kristine Kathryn Rusch, Midnight Trains Jonathan Maberry, A Christmas Feast Ken Scholes, A World Done In by Great Granny's Grateful Pie Heather Graham, Santa's Mortuary (ûnderdiel fan 'e rige Krewe of Hunters) Sam Knight, Yes, Virginia2097c, There Is a Santa Claus Mike Resnick, Christmas Eve at Harvey Wallbanger's David Boop, The Atmosphere for Miracles Eric James Stone, A Sufficiently Advanced Christmas Patricia Briggs, Unappreciated Gifts (ûnderdiel fan 'e rige Alpha and Omega)

Kategory:Literêr wurk fan Kevin J. Anderson Kategory:Fantasyferhalebondel Kategory:Ingelsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 2014 Kategory:Krystliteratuer