Blind Date with a Werewolf is in ferhalebondel fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. De titel betsjut: "Blind Date mei in Wearwolf". It boek befettet fiif opinoar oanslutende koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't hearre ta Briggs har romansearje Alpha and Omega. Trije dêrfan binne earder publisearre yn ferskate blomlêzings mei wurk fan oare auteurs, wylst de oare beide spesjaal foar Blind Date with a Werewolf skreaun binne. De ferhalebondel waard yn 2025 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Underwerp De ferhalen geane oer de gefaarlike âlde wearwolf Asil Moreno, byneamd "de Moar", foar wa't fia datingwebsiden ferskate kearen in blind date regele wurdt. Dat wurdt dien troch 'besoarge freonen' dy't har feilich ferskûlje efter de anonimiteit fan in tydlik e-mailadres. Asil is folslein fan doel om út te finen wa't syn 'freonen' binne en om harren mei gelikense munt werom te beteljen. Mar hy lit him manipulearje wannear't se him meidiele dat der in pool is wêryn't se wedzje oer hoelang't er it op in ôfspraakje folhâlde kin (de hearskjende opiny is dat er gjin inkeld ôfspraakje oan 'e ein ta útsitte sil).
Ferhalen Unappreciated Gifts Must Love Cats: Aftermath Asil and the Not-Date Dating Terrors Scheherazade Epilooch (wêryn't einlings oan it ljocht komt wa't de "besoarge freonen" fan Asil binne)
Kategory:Alpha and Omega Kategory:Literêr wurk fan Patricia Briggs Kategory:Fantasyferhalebondel Kategory:Ingelsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 2025 Kategory:Literatuer oer wearwolven Kategory:Literatuer oer dating