René Karst (Hoogeveen, 13 augustus 1966 - dêre, 21 novimber 2025) wie in Drintsk sjonger. De karriêre fan Karst begûn oan de ein fan de 1970-er jierren, doe't er mei syn mem Jannie Karst-Dubbelboer begûn op te treden as Duo Karst. Ek waard er producer fan oare artysten. De bekendheid fan Karst kaam ta ein 2010-er jierren net fierder as de provinsjegrinzen fan Drinte. Doe't er it ferske Liever te dik in de kist útbrocht krige er ek lanlike bekendheid. Nei Liever te dik in de kist folge yn 2019 ek noch Atje voor de sfeer.

René Karst ferstoar op 21 novimber 2025 hommels yn 'e âldens fan 59 jier.

Kategory:Persoan berne yn 1966 Kategory:Persoan stoarn yn 2025 Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk folksmuzykartyst Kategory:Drintsk persoan