De donkere sjonghauk (Melierax metabates) is in fûgel yn it skaai sjonghauken (Melierax) út 'e famylje haukfûgels (Accipitridae).
Ferskining De donkere hauk is in hauk mei lange wjukken mei in lingte fan 38 oant 48 sintimeter en in spanwiidte fan 105 sintimeter. De folwoeksen fûgel hat ljochte, jiskegrize boppedielen, in ljochtere búk en in bandearre swart en wite sturt. De boppekanten fan 'e wjukken binne griis mei swarte wjukpunten. Syn snaffel en lange poaten binne helder read. thumb|left|Juvenyl. De jonge fûgel is brún oan 'e boppekant, brúnbûnt op it boarst en ûnder brún en wyt bandearre. De snaffel en poaten binne giel. Yn 'e briedtiid produsearret de fûgel in fluitsjend lûd, dat it skaai de namme jout.
Fersprieding en taksonomy De donkere sjonghauk is in stânfûgel dy't benammen súdlik fan 'e Sahara fûn wurdt, mar net yn 'e reinwâlden fan it Kongobekken. Der is ek in populaasje op it Arabysk Skiereilân mei oarspronklik ek in isolearre populaasje yn Marokko, dy't nei alle gedachten útstoarn is.
De soarte wurdt meastentiids ferdield yn fiif ûndersoarten mei de folgjende ferdieling:
Melierax metabates theresae - súdwestlik Marokko. Melierax metabates neumanni – Maly en eastlik oant noardlik Sûdan. Melierax metabates ignoscens - súdwestlik Arabysk Skiereilân. Melierax metabates metabates – Senegal en Gambia oant Etioopje en yn it suden oant de Demokratyske Republyk Kongo en noardlik Tanzania. Melierax metabates mechowi – súdeastlik Gabon oant Angoala, súdlik Tanzania, en yn it suden oant noardlik Namybje en noardeastlik Súd-Afrika.
De ûndersoarte neumanni wurdt faak opnommen yn 'e nominaatfoarm metabates.
Hâlden en dragen De fûgel libbet op savannes en iepen boskgebieten. Hy mijt tichte bosken en woastyn en wurdt oer it algemien sjoen yn wietere gebieten as oare haukfûgel mei wa't 't er harren ferspriedingsgebieten dielt.
De fûgel yt gruttere ynsekten en in ferskaat oan sûchdieren, fûgels en reptilen. Hy jaget fanôf in sitplak en fangt syn proai faak op 'e grûn of yn 'e loft.
It nêst wurdt boud fan tûken yn beammen. Hy leit ien oant twa aaien tusken july en novimber, dy't troch it wyfke yn 36 oant 38 dagen útbret wurde, wylst it mantsje foar har jaget. De jongen fleane út as sa'n 50 dagen âld binne en trije oant acht moannen nei it útfleanen binne se selsstannich.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Tocht wurdt dat de oantallen ôfnimme, mar net sa bot om de soarte as bedrige te beskôgjen. Op basis fan dizze kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, ). Yn Marokko is de soarte troch jacht en houtkap nei alle gedachten útstoarn.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Sjonghauk Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda