De slange-earn (Circaetus gallicus) is ien fan 'e seis soarten yn it skaai slange-earnen (Circaetus) út 'e famylje haukfûgels (Accipitridae).
Ferskining De slange-earn wurdt 62 oant 69 sm lang en hat in spanwiidte fan 1,62 oant 1,78 m. De fûgel hat in ûle-eftige kop mei grutte giele eagen. Se binne te werkennen oan 'e ljochte kleur ûnder de wjukken, ûnderbrutsen troch griisbrune bannen. De boppedielen binne griisbrún. It kin, de kiel en it boppeboarst binne bleek ierdebrún. De sturt hat trije of fjouwer bannen.
Fersprieding De slange-earn is de iennige soarte yn syn skaai dy't foarkomt yn Europa en Aazje ynstee fan Afrika besuden de Sahara. Hy briedt fan noardwestlik Afrika en súdwestlik Europa noardlik oant de Golf fan Finlân oant de Balkasjmar, noardwestlik Sina en noardlik en noardwestlik Mongoalje; súdlik oant Lyts-Aazje troch de Levant, de súdlike Kaukasus en noardlik en westlik Iran. Isolearre populaasjes wurde fûn op it Yndysk subkontinint en op 'e Lytse Sûnda-eilannen fan Lombok oant Timor. De westlike populaasjes migrearje ein septimber-oktober nei de Sahel yn Afrika en komme yn april-maaie werom. De eastlike populaasjes bliuwe yn súdlik Aazje of migrearje nei Súdeast-Aazje, guon nei de Grutte Sûnda-eilannen.
Der wurde twa ûndersoarten erkend:
C. g. gallicus (Gmelin, JF, 1788) – súdwest Europa oant Sintraal-Aazje, noardwestlik Sina en Yndia C. g. sacerdotis Ng, NSR, Christidis, Olsen, Norman & Rheindt, 2017 – Lytse Sûnda-eilannen.
Nederlân De fûgel wurdt hjoed-de-dei hast alle jierren yn Nederlân sjoen yn leechfeangebieten en op heidefjilden, lykas boppe it Dwingelderfjild en it Fochtelerfean. Mei't de populaasje yn Frankryk groeit, wurdt oannommen dat de fûgel yn 'e takomst ek as briedfûgel yn Nederlân foarkomt.SOVON, oproppen 23 novimber 2025.
Hâlden en dragen thumb|left|Slange-earn mei proai. De proaien fan 'e fûgel bestiet meast út reptilen, benammen slangen, mar ek hagedissen. Se reitsje somtiden betiizge mei gruttere slangen en fjochtsje op 'e grûn. Ek jeie se op lytse sûchdieren oant de grutte fan in knyn, selden op fûgels en grutte ynsekten.
Oer it generaal is de fûgel tige stil. By gelegenheden jout er in ferskaat oan muzikale fluittoanen. By it brieden leit er mar ien aai. Hy kin oant 17 jier wurde.
Status De IUCN kategorisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2021) fanwegen syn tige grutte ferspriedingsgebiet, grutte populaasje en de oer it generaal stabile ûntwikkeling.Yn Europa wurdt it oantal briedpearen op 20.000 rûsd. De totale populaasje soe neffens in rûzing út 50.000 oant 100.000 folwoeksen fûgels bestean.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Slange-earn Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo