De berchhoanne of de bateleur (Terathopius ecaudatus) is in fûgel yn it monotypyske skaai bateleurs (Terathopius) út 'e famylje haukfûgels (Accipitridae).
Ferskining thumb|left|Mantje (lofts) en wyfke (rjochts). De berchhoanne is in middelgrutte earn fan 50 oant 60 sm en mei in spanwiidte fan 170 oant 190 sm. De wjukken binne lang mei útstekkende haadslachpinnen. De sturt dêrfoaroer is tige koart, sadat de poaten fan in folwoeksen fûgel yn 'e flecht oan 'e efterkant útstekke.
De folwoeksen fûgel is meast swart. De rêch, stút, sturt en ûndersturtdekfearren binne kastanjebrún. By folwoeksen fûgels is de snaffel giel mei in swarte punt. De poaten binne helder oranjeread en de waakshûd by de snaffel en it fearreleaze gebiet om it brune each ha deselde kleur. By mantsjes is it reade masker wat útwrydsker as by wyfkes. De skouderfearren binne griis en ha nei it ferfearjen tydlik wite rânen. By mantsjes binne de haadpinnen swart, by wyfkes griis mei in brede swarte einbân. De ûnderkanten fan 'e wjukken binne boppe foar in grut part wyt en foar de rest swart. By wyfkes is it wyt ûnder de wjuk beheind ta in ûnderrâne.
Jonge fûgels binne meast brún lykje mear op oare rôffûgels en se ha in langere sturt. De waakshûd is grienblau en de poaten binne wyteftich.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e berchhoanne leit yn grutte dielen fan 'e Afrotropyske regio, alhoewol't er ôfwêzich is yn it reinwâldgebiet of útstoarn is op Madagaskar, yn 'e de punt fan 'e Hoarn fan Afrika en in grut part fan it suden. Yn it noarden leit it ferspriedingsgebiet fan súdlik Mauretaanje oer Senegal en Gambia, súdlik Maly en Guinee eastlik oant sintraal Sûdan, Etioopje en westlik Somaalje. De súdlike grins rint troch Namybje, Botswana en noardlik en noardeastlik Súd-Afrika. It is ûndúdlik oft der noch populaasjes binne yn súdwestlik Saûdy-Araabje en Jemen.
De fûgel bewennet iepen en healiepen gebieten lykas greidlân, drûge en toarnbosksavanne's en drûge iepen bosken oant in hichte fan meast 3000 m. Se binne ôfwêzich yn tichte bosken en sompeftige gebieten, mar wurdt wolris waarnommen yn sokke gebieten as se jeie oer grutte gebieten.
Hâlden en dragen thumb|Mantsje mei iepen wjukken. It dieet fan 'e bateleur bestiet út proaien lykas sûchdieren en fûgels, mar hy siket ek spesifyk nei ies en yt fûgelaaien, ynsekten lykas termiten of imerkes, deade fisk of krabben. Sûchdieren en fûgels meitsje tusken de 70 en 90% fan 'e proaien út. Oars as oare slange-earnen foarmje reptilen in relatyf lyts ûnderdiel fan syn dieet. De berchhoanne kin oant acht of njoggen oeren deis trochbringe mei it sykjen nei iten, dat in gebiet fan 55 oant 200 km² beslacht en leit dêrby ôfstannen fan 300 oant 500 km ôf. It is waarnommen dat er proaien fan oare fûgels stelt.
It briedseizoen yn West-Afrika leit tusken septimber en maaie, yn East-Afrika it hiele jier troch en yn Súdlik Afrika fan desimber oant augustus. It nêst is tusken 40 en 150 sm breed en 30 oant 80 sm heech en wurdt makke fan tûken en beklaaid mei fegetaasje. It sit tusken de 7 en 26 m heech yn grutte beammen. Nêsten wurde op 'e nij brûkt en mei de tiid grutter. In lechsel bestiet meast út ien wyt aai, dat yn 52 oant 59 dagen troch beide âlden útbret wurdt. Nei't de jongen útfleane bliuwe de jonge fûgels noch fjouwer moannen by de âlden. Beide âlden helpe mei it grutbringen fan 'e jongen. In grut part fan 'e nêstfûgels fleane net út mei't in soad nêsten troch rôfdieren plondere wurde as de folwoeksen fûgels op harren lange tochten om iten sykje. thumb|left|Jonge fûgels. Pearkes binne stânfûgels en territoariaal. Nei't jonge fûgels út de famyljegroep ferdreaun wurde, reizgje se oer lange ôfstannen en libje se nomadysk. De soarte is as swalker yn Spanje, Tuneezje, Egypte, Syprus, Israel, Palestina en Irak waarnommen.
Status Berchhoannen binne seldsum, mar yn guon dielen noch algemien lykas yn 'e Masai Mara. De populaasje hat sûnt de jierren 1970 in swiere delgong meimakke fan hast 50%. It ferlies oan fûgels wie sûnt de jierren 1940 fral slim yn Súd-Afrika, dêr de soarte mei 80% ôfnaam. It oantal dêr werstelde wer wat sûnt de jierren 1990. Yn 2024 waard de berchhoanne yn Súd-Afrika útroppen dat de fûgel fan it jier.The Green Guardian, Meet the 2024 Bird of the Year, 7 novimber 2023.
De wrâldpopulaasje wurdt op 10.000 oant 100.000 fûgels rûsd. De oantallen nimme ôf yn Ivoarkust, Nigearia, Sûdan, Somaalje, dielen fan Kenia, Tanzania en Simbabwe, Namybje, Botswana en dielen fan Súd-Afrika. Yn 'e Masai Mara, noardlik Súd-Afrika en mooglik ek Oeganda binne de oantallen tanommen. Sûnt 1999 binne der gjin waarnimmingen mear dien yn súdwestlik Araabje.
Yn in soad gebieten is de grutste bedriging direkte ferfolging troch boeren, dy't fergiftige kadavers dellizze. Oare oarsaken binne bestridingsmiddels, ferneatiging fan habitats, fersteuring troch de útwreiding fan minsklike delsettings en it fangen fan fangsten foar ynternasjonale hannel.
Lykas in soad rôffûgels yn Afrika stiet ek de berchhoanne yn in soad lannen troch ferfolging op 'e râne fan útstjerren, fral yn West-Afrika. De IUCN had de fûgel dêrom yn 2020 de hast bedrige-status fan 'e fûgel op 'e Reade list feroare yn bedrige.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bateleur Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe