Sjonghauken (Melierax) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje haukfûgels (Accipitridae). Se komme yn Afrika besuden de Sahara foar.
It binne middelgrutte hauken mei in lange sturt, lange poaten, lange wjukken en in frij slank postuer. It fearrekleed is griis oan griisbún mei ûnder in patroan fan fine horizontale streekjes. Se jeie fanút in útsjochpost op lytse sûchdieren, reptilen, ynsekten en lytse fûgels. De fûgel makket in foar in rôffûgel ûngewoan fluitsjend, sjongerich lûd.
Soarten It skaai wurdt yn 3 soarten ûnderferdield: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status/Trend120px Melierax metabates donkere sjonghauk Afrika besuden de Sahara, útsein súdlik Afrika en de reinwâlden net bedrige 25pxMelierax metabates op BirdLife120px Melierax poliopterus eastlike sjonghauk Eastlik Afrika net bedrigestabylMelierax poliopterus op BirdLife120px Melierax canorus ljochte sjonghauk Súdlik Afrika bedrigestabylMelierax canorus op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Haukfûgel