De eastlike sjonghauk (Melierax poliopterus) is in fûgel yn it skaai sjonghauken (Melierax) út 'e famylje haukfûgels (Accipitridae).
Ferskining De soarte is 49 oant 55 sm lang, hat in spanwiidte fan 96 oant 110 sm en in sturtlingte fan 20 oant 25 sm. Mantsjes binne trochstrings 85 prosint fan 'e grutte fan wyfkes.
Folwoeksenen hawwe in grize kop, nekke, boarst en boppekant en wite streekjes op 'e boppesturtdekfearren. De búk hat in smelle grize en wite bandearing en de ûndersturtdekfearren binne wyt. De snaffel is giel mei in swart ein, de eagen binne donkerread en de poaten binne oranjeread.
Juvenilen binne op 'e boppekant brún mei bleke eagen, in witige streek oer de eagen en in meast wite romp. It boarst is brún mei donkere streken en in brún en wite bandearing oan 'e ûnderkant. De poaten binne bleekgiel.
Fersprieding De fûgel komt foar fan súdeastlik Etioopje en Somaalje oant eastlik Oeganda en noardlik Tanzania en wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is.
Status De eastlike sjonghauk hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en wurdt net as bedrige beskôge. Op basis fan dizze kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Sjonghauk Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda