De Olympyske Winterspullen 2026, ek wol de XXVe Olympiade neamd, waarden yn 2026 fan 6 oant en mei 22 febrewaris. holden yn Milaan & Cortina d'Ampezzo Noard-Itaalje.

Tawizing Op 24 juny 2019 keas it Ynternasjonaal Olympysk Komitee yn Lausanne de gaststêd. Twa kear earder waarden de Olympyske Winterspullen yn Itaalje hâlden; yn 1956 yn Cortina d'Ampezzo en yn 2006 yn Turyn.

Fryske dielnimmers Oan de Winterspullen yn Milaan & Cortina d'Ampezzo diene tsien Friezen mei, sân langebaan riders, en twa shorttrackers, en ien die oan sawol it langebaanriden as oan it shorttracken mei. Der waarden troch de Fryske dielnimmers tsien medaljes wûn, fiif gouden, trije sulveren en twa brûnzen medailles.

Sporten Formeel wurde der op 'e Olympyske Winterspullen fan 2026 8 sporten beoefene, om't it Ynternasjonaal Olympysk Komitee inkelde oansletten sportbûnen telt. Dêrfan binne der yndie acht: biatlon, curling, iishockey, reedriden, rodeljen, skyen (ynkl. skyskânsspringen en snowboarden), slydzjen (bobslydzjen en skeleton) en sky-alpinisme. Yn 'e praktyk waarden der lykwols 16 sporten ûnderskaat, sa't hjirûnder werjûn is, mei it tal ûnderdielen tusken heakjes.

Nije ûnderdielen dy't op 'e Olympyske Winterspullen fan Milaan & Cortina d'Ampezzo foar it earst oan it offisjele wedstrydprogramma tafoege wurde, binne moguls syngroan (M/F), de dûbeld foar froulje by it roadeljen, de grutte delgong foar froulju by it skânsspringen, en de mingde estafette yn it skeleton. De sport sky-alpinisme mei trije ûnderdielen is in folslein nije sport op it programma.

Kalinder

Dielnimmende Lannen

Medaljespegel 1 Noarwegen 18 12 11 412 Feriene Steaten 12 12 9 333 Nederlân 10 7 3 204 Itaalje 10 6 14 305 Dútslân 8 10 8 266 Frankryk 8 9 6 237 Sweden 8 6 4 188 Switserlân 6 9 8 239 Eastenryk 5 8 5 1810 Japan 5 7 12 24

Fryske medaljes Medalje Namme Sport Ûnderdiel datum Femke Kok Langebaanriden Froulju, 1000 meter 9 febrewaris Langebaanriden Froulju, 500 meter 15 febrewaris Tineke den Dulk (mei 3 oaren) Shorttrack Mingde estafette 10 febrewaris Jorrit Bergsma Langebaanriden Manlju, 10 km 13 febrewaris Langebaanriden Manlju, Massastart 21 febrewaris Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud (mei 1 oare) Langebaanriden Froulju, Ploege-efterfolging 17 febrewaris Antoinette Rijpma-de Jong Langebaanriden Froulju, 1500 m 20 febrewaris Itzhak de Laat (mei 4 oaren) Shorttrack Manlju, 5 km ôflossing 20 febrewaris Marijke Groenewoud Langebaanriden Froulju, Massastart 21 febrewaris

Sjoch ek Paralympyske Winterspullen 2026

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Olympyske en Paralympyske Winterspullen fan 2022 Offisjele webside Ynternasjonaal Olympysk Komitee

2026 Kategory:Skiednis fan Itaalje Kategory:Sportevenemint yn Itaalje Kategory:Barren yn 2026