The Milagro Beanfield War is de bekendste roman fan 'e Amerikaanske skriuwer John Nichols. De titel betsjut: "De Beanefjildoarloch fan Milagro". It boek fertelt it ferhaal fan it fiktive doarp Milagro, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko, dêr't de Ingelsktalige blanken op snoade wize de rjochten op it gebrûk fan it pleatslike oerflaktewetter foar yrrigaasje ûntfytmanne hawwe oan 'e oarspronklike, Spaansktalige Latino-befolking. De ympulsive hantsjemuoisfeint Joe Mondragón bringt de boel yn trewyn as er op in dei, sûnder echt nei te tinken oer wêr't er oan begjint, yllegaal syn heite âlde beanefjild yrrigearret. Al rillegau foarmje har twa partijen yn it doarp en dêrbûten: deselden dy't Joe stypje en dejingen dy't him tsjin eltse priis tsjinkeare wolle.

The Milagro Beanfield War waard foar it earst publisearre yn 1974 troch útjouwerij Random House. It wie it earste diel fan Nichols syn New Mexico Trilogy, dy't fierder gie mei The Magic Journey (1978) en The Nirvana Blues ('1981). Mar it boek is ek op himsels prima te lêzen. Oer it algemien waard The Milagro Beanfield War goed ûntfongen troch de literatuerkritisy, en it groeide út ta Nichols syn meast ferneamde boek, nammenste mear nei't it yn 1988 ûnder deselde titel ferfilme wie troch Hollywoodstjer Robert Redford. Yn it boek snijt Nichols ferskate wichtige tema's oan, lykas rykdom en earmoede, etnisiteit en taal, de striid fan 'e gewoane man tsjin 'e fêstige oarder, en korrupsje mank ynstânsjes fan 'e oerheid.

Eftergrûn Skriuwer John Nichols waard berne yn 1940. Syn Frânske mem, dy't ferstoar doe't hy sels noch mar twa jier âld wie, hie it meastepart fan har bernetiid trochbrocht yn Spanje. Nei't er yn 1962 ôfstudearre wie, sette Nichols nei dat lân ta, dêr't er inkele jierren by syn beppe ynloek. Mids 1960-er jierren wenne er ferskate jierren yn it Middenamerikaanske lân Gûatemala. Sawol Spanje as Gûatemala wiene doedestiden faksistyske diktatueren, en syn ferbliuw dêre hie in grutte ynfloed op 'e ûntjouwing fan Nichols syn politike oriïntaasje, dy't progressyf en sosjalistysk wie. Yn 1969 sette er him nei wenjen yn Taos, yn it noarden fan Nij-Meksiko, dêr't er oan syn ferstjerren yn 2023 ta bliuwe soe. Mei't er Spaansk spriek, boargere er dêr ridlik maklik yn. Hy loek him de striid fan 'e oarspronklike Latino-befolking tsjin 'e dominante Ingelsktalige Amerikaanske hegerein oan en wie jierrenlang aktyf as aktivist foar in ferskaat oan kwestjes.

Ynhâld Setting It heal ûntfolke doarp Milagro, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko, wurdt foar it meastepart bewenne troch Spaansktalige Latino's út famyljes dy't dêr al wennen doe't it gebiet foarôfgeande oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846–1848) noch by Meksiko hearde. Nei't de krite troch it Ferdrach fan Guadalupe Hidago (1848) by de Feriene Steaten kaam te hearren, waard de krite lange tiid negearre en ferwaarleazge troch de nije oerheid. Mar sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw kamen yn Nij-Meksiko almar mear lju fan bûten te wenjen, dy't har neat oan 'e oarspronklike befolking gelegen lizze lieten. Dyselden wiene foar it meastepart grutte ranchers, dy't de lânseigen lytse gernierkes ferkrongen. Sa ûntstie der in maatskippij mei in boppelaach fan rike, Ingelsktalige, blanke Amerikanen en in ûnderlaach fan earme, Spaansktalige Latino's.

Yn it woastinige Nij-Meksiko is wetter fan libbensbelang foar alle soarten lânbou, mar yn 't bysûnder foar it ferbouwen fan gewaaksen. Yn Milagro, dat oan it rivierke de Indian Creek leit, wie iuwenlang rom foldwaande wetter foarhâns foar alle bewenners, mar yn 1935 waard by in rige komplekse juridyske en politike maneuvers yn 'e steatshaadstêd it meastepart fan dat wetter reservearre foar de grutte ranchers en lânbouwers yn it súdeastlike diel fan 'e steat. De gerniers fan Milagro koene fan dy tiid ôf út har huzen wei it wetter foarby streamen sjen, mar mochten der net mear oan komme. Dêrtroch waarden alle ikkers oan 'e westkant fan it doarp ûnbrûkber, en meitiid rekke dat diel fan it doarp ûntfolke, mei't de bewenners ferhuzen nei de eastkant of hielendal út 'e krite wei teagen.

Underwilens is de macht yn Milagro yn 'e hannen kommen fan 'e blanke Amerikaan Ladd Devine III, de eigner fan 'e Devine Company, dy't ein njoggentjinde iuw oprjochte is troch syn pake, de oarspronklike Ladd Devine. De Devine Company sette útein as in grutte ranch, mar begjin 1970-er jierren wurdt der benammen jild fertsjinne yn 'e toeristyske sektor, û.m. mei in fakânsjeranch dêr't toeristen "cowboy" spylje kinne. It bedriuw is ek de eigner fan 'e pleatslike winkel en fan in kafee.

Troch gearwurking mei befreone (lês: korrupte) politisy yn 'e steatshaadstêd stiet Devine, dy't dochs al miljonêr is, op it punt om noch folle riker te wurden troch de oanlis fan 'e Indian Creek Dam. Dat is in keardaam yn it pleatslike rivierke, dy't it westlike diel fan Milagro op 'e nij fan wetter foarsjen moat. Devine hat hast alle lân dêre nei 1935 foar in prikje opkeapje kinnen fan 'e measte Latino-eigners, mar as der wer wetter komt, sil de priis fan it lân as in raket omheech sjitte. In diel fan it lân kin er dan moai mei foarse winst ferkeapje, en de rest wol er brûke om in grutte golfbaan oan te lizzen dêr't er folle mear toeristen mei lûke kin. Foar de finansiering fan 'e keardaam is in wetterbeheardistrikt (conservancy district) oprjochte dat hiel Milagro omfettet. Dat betsjut dat de earme doarpsbewenners foar de bou fan 'e daam betelje moatte, en om't de wearde fan it lân neitiid sa omheech giet, sil dan ek de belesting op ûnreplik goed navenant omheech gean. Dat sil it wenjen foar harren yn Milagro ûnbetelber meitsje, sadat se twongen wêze sille om te ferhúzjen nei oare plakken en har grûn te ferkeapjen oan Devine, mei't hy de iennichste is dy't jild genôch hat om it op te keapjen. Net ien hat dat útlein oan 'e doarpsbewenners, krektoarsom: yn 'e steatshaadstêd is war dien om 'e gefolgen fan 'e bou fan 'e daam foar harren sa dizenich mooglik te hâlden.

Ferhaal Dat is de stân fan saken wannear't der wat bart dat net ien foarsjen kinnen hie. Joe (eins José) Mondragón is in 36-jierrige ynwenner fan Milagro, dy't mei syn frou Nancy en harren trije bern yn in lyts, eigenboud adobehûs wennet mei dêromhinne in hiem dat beskûl giet ûnder rommel fan alderhanne soarte. Joe is in oer it algemien wurkleaze hantsjemuoisfeint, dy't alles reparearje kin sadat it wer wurket (alteast foar in skoftke) troch gebrûk te meitsjen fan in wiidweidich assortimint ark en reau dat er krigen, liend of stellen hat. Yn 'e regel is er op elts willekeurich stuit dwaande mei in stikmannich lytse projekten, dy't net selden it deiljocht min ferdrage kinne.

Joe hat in probleem mei gesach en in gebrek oan respekt foar de wet, en wrokket tsjin 'e maatskiplike sitewaasje fan oerhearsking fan syn eigen folk troch rike, útlânske, blanke Amerikanen. Gauris bringt er in nacht troch yn 'e sel yn it pleatslike plysjeburo foar iepenbiere dronkenheid, mishanneling (by slaanderij) of dieverij fan skiep fan 'e Devine Company. Oars as de measte oare Latino's út Milagro hat Joe, koppich dat er is, it beanefjild fan syn heit silger oan 'e westkant fan it doarp nea ferkocht oan Devine. Op in dei, as er, nei dronken te hawwen, it âlde, fertutearze hûs fan syn âlden oan 'e westkant besiket, beslút er ympulsyf it beanefjild te yrrigearjen en beane oan te plantsjen.

It nijs oer wat Joe dien hat, giet as diggelfjoer troch Milagro en it oanbuorjende doarp Doña Luz, ferspriedt him dêrwei nei Chamisaville, it haadplak fan 'e county, en berikt net folle letter de steatshaadstêd. Yn Milagro ûntjouwe har twa partijen dy't streekrjocht foarinoaroer steane. Ien groep bestiet út boargers dy't krekt as Joe wrokje tsjin 'e elite, dy't harren har wetterrjochten ûntstellen hat en in sitewaasje yn stân hâldt dy't makket dat sy nea oan har earmoede ûntkomme kinne sille, mar der krekt allinne mar djipper yn weisakje. Ta dy partij hearre û.o. Ruby Archuleta, in tsjeppe, yntelliginte en fernimstige widdo dy't in garaazje anneks leadjittersbedriuw runt; Tranquilino Jeantete, de eigner fan 'e Frontier Bar; Onofre Martínez, in ienearmige hanneler yn kwartskristallen; en de koppige taaie Amarante Córdova, in âldman fan 93 jier dy't as iennichste noch yn syn fertutearze húske oan 'e westkant fan it doarp wennet en dy't safolle potinsjeel deadlike sykten en foarfallen oerlibbe hat dat er neffens it pleatslik byleauwe ûnstjerlik is.

De oare partij bestiet út lju dy't baat hawwe by it hanthavenjen fan 'e status quo. Dy kloft stiet ûnder lieding fan Ladd Devine III en omfettet fierders syn foarmannen "Horsethief Shorty" Wilson en Jerry G. (Grindstaff), de makelder Bud Gleason, en Bill Koontz en Granny Smith fan 'e Steatsplysje fan Nij-Meksiko. De beide groepen binne lykwols net folslein op etnyske basis gearstald, want Eusebio Lavadie, de iennichste rike Latino-boer fan Milagro, hâldt it mei Devine, krekt as de Latino Nick Rael, dy't foar Devine de pleatslike winkel driuwt, steatsplysje Bruno Martínez, in soan fan Onofre Martínez dy't fan syn heit ferfrjemde is, en Carl Abeyta, in Latino dy't foar de United States Forest Service wurket. Ek de pleatslike sheriff, de twifelriedige Bernabé Montoya, moat dwaan wat Devine him opdraacht, al leit syn hert by it ferset fan syn âlde jeugdfreon Joe Mondragón. Oan 'e oare kant hearre de earme blanke boer Ray Gusdorf en de monteur Marvin LaBlue, in Cajun út Louisiana, dy't allebeide it Spaansk machtich binne (yn tsjinstelling ta Ladd Devine III en de measte oare blanken) ta de oanhingers fan Joe. De abbekaat en kollumnist Charley Bloom, dy't oarspronklik ôfkomstich is út Massachusetts, wurdt tsjin wil en tank troch Joe en Ruby ek yn harren saak behelle.

Hoewol't wat Joe dien hat dúdlik yllegaal is, leit de saak gefoelich. Sheriff Montoya riedt Devine sterk oan om 'e boel op syn berin te litten en neat te dwaan om oalje op it fjoer te goaien. Devine skeakelet syn politike kontakten yn 'e steatshaadstêd yn: it buro fan 'e steatsyngenieur (dat de Indian Creek Dam ûntwurpen hat), de stêf fan 'e gûverneur en de lieding fan 'e Steatsplysje en de Forest Service. Ek út 'e steatshaadstêd wei kriget er lykwols te hearren dat it bêste is om foarearst tuike-oan te dwaan, om't de spannings oer wetterrjochten net inkeld yn Milagro spylje, mar yn it hiele noarden fan 'e steat. It soe der noch helte minder fan wurde as Joe Mondragón ta in martelder makke waard. Dêrom besykje de bûnsgenoaten fan Devine ferskate kearen op ynformele wize om 'e kwestje te ûntsenuwjen troch Joe om te keapjen en, as dat net wurket, him te yntimidearjen. De opljeppende Joe jaget lykwols ferskaten fan dy lju ûnder bedriging mei geweld fan syn hiem, ûnder wa Lavadie en Abeyta.