De kamtsjatkamiuw (Larus schistisagus) is in fûgel út de famylje Laridae.

Skaaimerken De Kamtsjatkamiuw wurdt 55 oant 67 sm lang en hat in spanwiidte fan 132 oant 148 sm en weaget 1.050–1.670 kg. It folwoeksen simmerkleed hat laaigrize boppewjukken mei wite rânen efter en swarte bûtenste wjukpunten. De fûgel hat in sterke giele snaffel mei in read plak op 'e ûndersnaffel en in readrôze orbitale ring mei in giel iris. Yn it winterkleed is de kop bêzjebûnt.

It duorret fjouwer jier foardat de soarte de folwoeksen dracht kriget. It fearrekleed fan 'e fûgel feroaret dan fan meast brún yn it earste jier nei folslein wyt en griis yn 'e folwoeksen dracht.

Fersprieding De soarte komt foar fan noardeastlik en eastlik Sibearje oant yn noardlik Japan en it meast westlike stikje fan it Sewardskiereilân yn Alaska. Noardlike briedfûgels migrearje winterdeis nei it suden nei iisfrije gebieten en yn 'e winter komt de soarte foar fan 'e Kommandeurseilannen en Hokkaido oant Noard- en Súd-Koreä en Taiwan.

Ekology De Kamtsjatkamiuw briedt yn koloanjes op isolearre gerseilannen, op kliffen, oan sân- en rotskusten en lokaal ek op dakken. Winterdeis bliuwt er by iisfrije kusten, by riviermûningen en havens.

Status De wrâldpopulaasje waard yn 2006 op 25 tûzen oant ien miljoen fûgels rûsd ((Delany en Scott). Op 'e Reade list fan 'e IUCN had de soarte de status fan net bedrige (Least Concern, 2018).

Kategory:Miuw Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See