De beringmiuw (Larus glaucescens) is in fûgel yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).

Beskriuwing thumb|left|Beringmiuw. Beringmiuwen binne relatyf grutte miuwen en like grut as Amerikaanske sulvermiuwen. De fûgel wurdt 50 oant 68 sintimeter lang, hat in spanwiidte fan 120–150 sintimeter en weaget 730–1.690 gram. De kop, nekke, it boarst en de búk fan folwoeksen fûgles binne wyt, wylst de rêch en wjukken pearelgriis binne. De punten fan 'e wjukken binne griis en net swart lykas by oare miuwesoarten, dêr't se swart binne. De poaten binne rôze en de snaffel is giel mei it typyske reade plak ûnder de snaffel. De irissen binne donker en omfieme troch in rôze eachring.

Winterdeis wurdt de kop, de nekke en it boarst fan folwoeksen fûgels smoarch bêzjebûnt en de snaffel is doffer. De kop is wat platter yn ferlikening mei oare miuwen.

Jonge fûgels binne brún of griis mei swarte snaffels en it duorret fjouwer jier foardat se folwoeksen fearren berikke.

Ferprieding De soarte briedt fan 'e Beringsee oant noardwestlik Oregon en oerwinteret súdlik oant respektivelik Japan en noardwestlik Meksiko. De soarte is in tige seldsume dwaalgast yn Jeropa. De earste bekende waarnimmings wiene op it eilân El Hierro op 'e Kanaryske Eilannen yn 1992 en sûnt dy tiid is de fûgel in pear kear waarnommen yn Noardwest-Europa.

Hâlden en dragen thumb|left|Aaien. De soarte hybridisearret regelmjittich mei de Kalifornyske miuw (Larus occidentalis) fral yn 'e Puget Sound, wêrtroch problematyske tuskenfoarmen ûntsteane. Yn Alaska hybridisearret er ek mei de Noardamerikaanske sulvermiuw.

Status De fûgel wurdt op 'e Reade list troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearre. De populaasje waard yn 2006 op 506.000 fûgels rûsd (Delany en Scott). Oannommen wurdt dat de populaasje groeid.

Kategory:Miuw Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten