De XIVe Paralympyske Winterspullen wurde fan 6 oant en mei 15 maart 2026 holden yn Milaan & Cortina d'Ampezzo Noard-Itaalje.
Tawizing Op 24 juny 2019 keas it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee yn Lausanne de gaststêd. Twa kear earder waarden de Paralympyske spullen yn Itaalje hâlden; yn 1960 de simmerspullen yn Rome en yn 2006 de winterspullen yn Turyn.
Sporten Op 'e Paralympyske Winterspullen fan 2026 wurd troch de atleten dielnommen oan yn totaal 79 ûnderdielen dêr't medaljes foar útrikt wurde, ferdield oer 6 offisjele sporten.
Iepeningsseremoanje In protte lannen wiene net fysiek oanwêzich by de iepeningsseremoanje yn de Arena fan Verona om't atleten út Ruslân en Wyt-Ruslân ûnder de eigen flagge meidwaan mochten oan de spullen mei dwaan mochten. Fan dizze lannen waard in fideo toant yn it stadion. Telegraaf, 6-3-2026, Nederlandse equipe blijft weg bij opening Paralympische Winterspelen, Rusland wel aanwezig Rieplachte op 16-3-2026
Kalinder Rjochts stiet in kolom hoefolle gouden medaljes per sport der útdield wurde. En op de ien nei ûnderste rigel stiet hoefolle gouden medailjes der op in dei wûn wurde kinne.
Dielnimmende Lannen
Medaljespegel 1 Sina 15 13 16 442 De Feriene Steaten 13 5 6 243 Ruslân 8 1 3 124 Itaalje 7 7 2 16 5 Eastenryk 7 2 4 13 6 Frankryk 4 4 4 12 7 De Oekraïne 3 8 8 19 8 Kanada 3 4 8 15 9 Nederlân 3 3 1 7 10 Sweden 3 0 4 7
Sjoch ek Olympyske Winterspullen 2026
Keppeling om utens Offisjele webside fan 'e Olympyske en Paralympyske Winterspullen fan 2026 offisjele webside Ynternasjonaal Paralympysk Komitee
2026 Kategory:Skiednis fan Itaalje Kategory:Sportevenemint yn Itaalje Kategory:Barren yn 2026