De Pontyske miuw (Larus cachinnans) is in fûgel út de famylje seefûgels (Laridae). Earder waard de soarte as in ûndersoarte beskôge fan 'e sulvermiuw (Larus argentatus), mar de taksonomyske status fan 'e Pontyske miuw is net sûnder strideraasjes.
Skaaimerken thumb|left|Yn 'e flecht. De fûgel wurdt likernôch 54 sm lang en hat in spanwiidte fan 123 oant 148 sm. De snaffel is trochstrings wat smeller as die fan 'e sulvermiuw. Ek hat er langere poaten en langere wjukken. Syn poaten binne bleek rôze oant gieleftich. De rêch en de wjukken binne ljochtgriis, de bûtenste fearren fan 'e wjukken ha meast dúdlike wite einen en in wite "tonge" dy't yn it swart fan 'e haadpinnen trochrint.
Pontyske miuwen ha in soad fan sulvermiuw en de gielpoatmiuw en der is ûnderfining nedich om de fûgel mei wissens te ûnderskieden, fral as it giet om ûnfolwoeksen fûgels bûten it briedgebiet. Om mei wissens fêst te stellen dat it om in Pontyske miuw giet, moatte der meardere diagnotyske details fêststeld wurde.
Taksonomy De Pontyske miuw heart ta in groep, dy't troch de ornitologen it grutte silvermiuwekompleks neamd wurdt. Yn dat kompleks sitte ferskillende ljochtgrize miuwen, lylas de sulvermiuw, de gielpoatmiuw (Larus michahellis) en in pear eastlike foarmen. De grinzen tusken de soarten binne net skerp en soargje foar in soad diskusje ûnder ornitologen. Dêrnjonken kinne se ek hybridefoarmen ûntwikkelje, itjinge it ûnderskieden noch dreger makket.
Fersprieding Earder waard tocht dat de Pontyske miuw allinnich briede yn it gebiet om 'e Kaspyske See hinne en eastlik oant Transbaikal. Letter waard ûntdutsen dat de soarte ek briedt yn Poalen en Dútslân en eastlik oant de Balkasjmar en de meast westlike dielen fan Sinkiang. Guon fûgels migrearje en oerwinteringsgebieten lizze oan 'e súdeastkust fan Sina, om de Perzyske Golf hinne en yn 'e kustkriten fan Pakistan, oan 'e Reade See, oan 'e kusten fan Turkije, sawol yn it noarden rjochting de Swarte See as yn súdwestlike rjochting de Middellânske See, en oan 'e kusten fan Noard-Europa, fral dy fan Nederlân, Denemark, Dútslân en Poalen.
Nederlân De Pontyske miuw wie earder in wintergast yn Nederlân, mar sûnt 2014 briedt de fûgel ek yn Nederlân yn 'e Iselmar op 'e Kreupel. Fral sûnt 2019 nimt it oantal briedgefallen foars ta. Hjoed-de-dei kin de fûgel yn it hiele lân sjoen wurde oan 'e rivieren, rânemarren en by stêden en oan 'e kusten.SOVON, oproppen 6 novimber 2025.
Status thumb|left|Briedende fûgel mei piken yn it Donau Biosfearreservaat. De Pontyske miuw hat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearre. De Europeeske populaasje wurdt op likernôch 108.000 oant 175.000 folwoeksen fûgels rûsd (BirdLife International 2015). Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte tanimme. De fûgel hat in soad te lijen fan lytse oaljeloazingen lykas yn Azerbeidzjan, mar de ympakt dêrfan op 'e ûntwikkeling fan 'e populaasje is net grut.
Kategory:Miuw Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See Kategory:Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf