Viola Holt-van Emmenes (De Haach, 5 augustus 1949 - Muiderberch, 6 novimber 2025) wie in Nederlânsk telefyzjepresintatrise.

Wurkpaad Holt begûn op 17-jierrige leeftiid as omropster by de AVRO. Yn 1989 presintearre se it programma De 5 Uur Show mei Dieuwertje Blok, Catherine Keyl, Myrna Goossen en Maya Eksteen. Sy bleaune net lang ferbûn oan de show, mar Holt bleau oant de lêste útstjoering yn 1998.

Yn 1999 presintearre Holt in nije ferzje fan it programma Klasgenoten. Dat bleau by ien seizoen, omdat it programma neffens RTL 4 in te âlde doelgroep oanluts. Yn de jierren dêrnei presintearre Holt noch ferskate telefyzjeprogramma's, mar besleat de fokus te lizzen op oare projekten.

Viola Holt ferstoar op 6 novimber, hommels yn 'e âldens fan 76 jier.

Ferskaat De Playboy út 1984 dêr't Holt yn stie, is oant op de dei fan hjoed de bêstferkochte Playboy ea. Yn septimber 2007 befêstige se yn De Telegraaf dat se yn har begjinjierren by de NOS as omropster in relaasje hân hie mei Joop van Zijl.

Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:RTL Nederlân-wurknimmer Kategory:AVRO-wurknimmer Kategory:TROS-wurknimmer Kategory:NOS-wurknimmer Kategory:Persoan berne yn 1949 Kategory:Persoan stoarn yn 2025