Miuwen (Laridae) foarmje in skaai fan seefûgels (Laridae) út it skift wilstereftigen (Charadriiformes).
Beskriuwing De soarten binne oer it generaal relatyf grutte, griis mei wite fûgels. De lytste is de lytse miuw (Hydrocoloeus minutus) en de grutste is de grutte sjouwerman (Larus marinus). Se ha in skelle, kritende rop en in sterke snaffel. De poaten ha swimfluzen.
It identifisearjen fan soarten yn it skaai kin lestich wêze foar sawol de leek as de saakkundige, benammen by jonge fûgels dy't ûnderling ek wer hiel ferskillend wêze kinne en troch meardere kleurfazes geane foardat se it folwoeksen fearrekleed krije. By guon soarten komt ek regelmjittich hybridisaasje foar, itjinge determinaasje noch lestiger makket
Taksonomy Yn it ferline waarden hast alle miuwen yn dit skaai set, dat as in grut monofyletysk skaai behannele waard. Op basis fan in nije molekulêre fylogeny mei mitochondriaal DNA wurdt dy âlde klassifikaasje no as polyfyletysk beskôge. Dêrtroch wurde in oantal soarten net mear yn it skaai Larus set, mar yn 'e (op 'e nij oprjochte) skaaien Ichthyaetus, Chroicocephalus , Leucophaeus en Hydrocoloeus.
De taksonomy fan 'e grutte miuwen yn 'e groep sulvermiuwen en sjouwermannen is tige kompleks. Ofhinklik fan 'e auteur wurde tusken twa en acht soarten ûnderskieden.
Soarten It skaai wurdt yn 25 soarten ûnderferdield: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status120px Larus smithsonianus Amerikaanske sulvermiuw Noard-Amearika fan sintraal Alaska oant Newfoundland en de Grutte Marren, oerwinteret oant yn 'e Kariben net bedrigeLarus smithsonianus op BirdLife120px Larus brachyrhynchus Amerikaanske ûnwaarsfûgel Noardwestlik Noard-Amearika ûnbekendLarus brachyrhynchus op Birds of the World120px Larus atlanticus Argentynske miuw Atlantyske kust fan súdlike Brazylje, Oerûguay, noardlik Argentynje hast bedrigeLarus atlanticus op BirdLife120px Larus armenicus Armeenske miuw Briedt yn Georgje, Turkije, Armeenje en westlik Iran, oerwinteret yn Turkije, Libanon en Israel net bedrigeLarus armenicus op BirdLife120px Larus glaucescens Beringmiuw Pasifyske kusten fan Ruslân en Alaska oant Washington, oerwinteret oant Japan en Meksiko net bedrigeLarus glaucescens op BirdLife120px Larus vegae Eastsibearyske miuw Noardeastlik Sibearje, oewinteret yn Japan, Koreä, eastlik Sina en Taiwan ûnbekendLarus vegae op BirdLife120px Larus michahellis gielpoatmiuw Briedt yn kustkriten fan 'e Middellânske See, oerwinteret yn grutte dielen fan Europa en it westlik Middellânske Seegebiet net bedrigeLarus michahellis op BirdLife120px Larus pacificus grousnaffelmiuw Austraalje net bedrigeLarus pacificus op BirdLife120px Larus marinus grutte sjouwerman kusten fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan en de Noardsee net bedrigeLarus marinus op BirdLife120px Larus crassirostris Japanske miuw kusten fan East-Aazje oant westlik Alaska net bedrigeLarus crassirostris op BirdLife120px Larus heermanni jiskemiuw kustkriten West-Meksiko en Kalifornje hast bedrigeLarus heermanni op BirdLife120px Larus occidentalis Kalifornyske miuw Kustkriten Stille Oseaan fan Britsk-Kolumbia, de Feriene Steaten, Meksiko net bedrigeLarus occidentalis op BirdLife120px Larus schistisagus Kamtsjatkamiuw Noardeastlike kusten fan Aazje, oerwinteret nei it suden ta oant eastlik Sina net bedrigeLarus schistisagus op BirdLife120px Larus dominicanus kelpmiuw Kustkriten Súd-Amerika, Afrika en Austraalje net bedrigeLarus dominicanus op BirdLife120px Larus glaucoides lytse iismiuw Arktyske regio's fan Kanada en Grienlân, oerwinteret yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan net bedrigeLarus glaucoides op BirdLife120px Larus fuscus lytse sjouwerman Briedt yn Noard-Europa en West-Sibearje, oerwinteret yn kustgebieten fan 'e Alde Wrâld net bedrigeLarus fuscus op BirdLife120px Larus livens Meksikaanske miuw Golf fan Kalifornje yn Meksiko net bedrigeLarus livens op BirdLife120px Larus hyperboreus grutte iismiuw Arktyske kusten, oerwinteret yn 'e Noardatlantyske- en Noardpasifyske kust oant de Britske eilannen en de Grutte Marren net bedrigeLarus hyperboreus op Birds of the World120px Larus mongolicus Mongoalske miuw Mongoalje, Súdeastlik Ruslân, oewinteret yn Japan, Koreä, dielen fan Sina en Taiwan net bedrigeLarus mongolicus op Birds of the World120px Larus belcheri Perûviaanske miuw Pasifyske kust tusken Ekwador oant Sily net bedrigeLarus belcheri op BirdLife120px Larus cachinnans Pontyske miuw Sintraal-Aazje en dielen East-Europa, oerwinteret oant West-Europa en kustkriten Arabysk Skiereilân net bedrigeLarus cachinnans op BirdLife120px Larus californicus prêrjemiuw westen fan Kanada, Feriene Steaten, Meksiko net bedrigeLarus californicus op BirdLife120px Larus delawarensis ringbekmiuw Kanada en it noarden fan 'e Feriene Steaten, oerwinteret nei it suden oant de Kariben net bedrigeLarus delawarensis op BirdLife120px Larus argentatus (Europeeske) sulvermiuw kustkriten Noard- en West-Europa net bedrigeLarus argentatus op BirdLife120px Larus canus ûnwaarsfûgel Europa en Aazje net bedrigeLarus canus op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Seefûgel