De rivierstirns (Sterna aurantia) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) en de ûnderfamylje stirnzen (Sternini).

Skaaimerken thumb|left|Rivierstirns mei iepen wjukken. De soarte is in middelgrutte stirns fan 38 oant 46 sm lang en in spanwiidte fan 80 oant 85 sm, dúdlik grutter as de oare soarte yn Sterna en mear te fergelikenjen mei in klikstirns (Thalasseus sandvicensis) of in Bingaalske klikstirns (Thalasseus bengalensis). De fûgel hat donkergrize boppedielen en is ûnder wyt oant hiel ljochtgriis. Syn sturt is foarke en hy hat lange puntige wjukken mei ljochtgrize primêre fearren. Foar in stirns hat de fûgel in stevige snaffel, dy't giel is mei winterdeis in donkere tip, en helderreade poaten. De swarte mûtse yn 'e briedtiid is grutter as by oare fûgels fan it skaai en giet wat fierder ûnder it each as by oare soarten wytstirnzen. Winterdeis is de mûtse griiswyt mei swarte plakjes en streekjes en in donker masker by it each. Ek ferliest de fûgel yn 'e winter de twa langste bûtenste sturtfearren. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen.

Jonge fûgels binne brúngriis mei in blekere ûnderkant. De snaffel is gielich mei in donkere punt.

Hâlden en dragen thumb|left|Nêst. De rivierstirns libbet yn lânskippen mei rivieren, marren en opslachmarren op hichten tusken 0 oant 600 m.

De soarte briedt fan maart oant maaie yn koloanjes op minder tagonklike gebieten, lykas sânbanken yn rivieren. Hy nêstet yn in groeven kûltsje, faak fuort op 'e rotsen of yn it sân. De fûgel leit trije griengrize oant bleke aaien mei brune plakjes. Lykas oare stirnzen dûkt de fûgel nei fiskjes, kreeften, kikkerfiskjes en wetterynsekten yn rivieren en marren. Fersprieding De soarte komt fan Pakistan oant Súd-Yndia, Sry Lanka, Nepal en súdwestlik Sina foar.

Status De oantallen nimme ôf troch de kommersjele ûntwikkeling fan rivieren, minsklike fersteuring en fersmoarging. Rivierstirnzen wurde benammen bedrige yn it easten fan syn ferspriedingsgebiet yn it fiere suden fan Sina, dêr't noch mar ien briedplak oer is, en yn Kambodja, Laos en Tailân. Troch it oanlizzen fan opslachmarren binne yn guon gebieten de oantallen yn tsjinstelling ta de gewoane trend tanommen.

De grutte fan 'e populaasje waard yn 2020 op 20.000-70.000 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status kwetsber.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytstirns Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam