De swartnekkestirns (Sterna sumatrana) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) en de ûnderfamylje stirnzen (Sternini). De fûgel libbet yn tropyske en subtropyske dielen fan 'e Yndyske Oseaan en de westlike Stille Oseaan.
Ferskining De swartnekkestirns is in middelgrutte stirns fan 35 sm lang. It is in fûgel mei hiele ljochte kleuren en oars as syn neiste sibben hat er gjin swarte mûtse. Folwoeksen fûgels yn it briedkleed binne boppe griiswyt mei swarte poaten en en in swarte snaffel en mei in swart eachmasker dat as in swarte bân oant yn 'e nekke trochrint. Bûten it briedseizoen is de swarte bân diziger.
Fersprieding en systematyk De soarte wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Sterna sumatrana sumatrana - komt foar fan 'e Andamanen en Nikobaren oant Japan, Maleizje en Austraalje Sterna sumatrana mathewsi – komt foar op Aldabra, de Amiranten, de Chagoseilannen en de Maldiven
De soarte is ek as dwaalgast oan 'e kusten fan eastlik en súdlik Afrika waarnommen, dy't mooglik troch de wyn meifierd waarden fan koloanjes op 'e Seysjellen. Ut DNA-stúdzjes die bliken dat de soarte it meast besibbe is oan 'e rôze stirns (Sterna dougallii) en de tarastirns (Sterna striata).
Ekology De fûgel siket iten yn lagunes of tichtby lân boppe de brâning, mar ek op see. Hy yt benammen lytse fisken, dy't fangt troch ûndjip te dûken. It briedseizoen ferskilt per gebiet. Hy briedt meastal yn lytse koloanjes fan fiif oant 20 pearkes, mar somtiden oant 200 pearen. De koloanjes binne meastal monospesifyk, mar somtiden briede se mei rôze stirnzen of brilstirnzen tagelyk.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei op it stuit (2025) in ûnbekende ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018).
Der is gjin rûzing fan 'e oantallen fan 'e fûgels, mar der wurde tûzenen nêsten yn 'e súdwestlike Stille Oseaan fûn, dêr't nei alle gedachten de grutste oantallen fan 'e soarte te finen binne. Op it wetter om Maleizje hinne is de soarte ôfnommen en telt de populaasje minder as 2.000 pearkes. Yn Yndoneezje is de swartnekkestirns in soad foarkommende seefûgel, mei teminsten 50 briedplakken. De ûndersoarte mathewsi is lykwols seldsum, mei 125–205 pearkes op seis lokaasjes op 'e Seysjellen. Mar 20–100 pearkes briede op 'e Chagoseilannen.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytstirns Kategory:Lânseigen fauna yn Amerikaansk-Samoä Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn de Cookeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Fidzjy Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kiribaty Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Samoä Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Tonga Kategory:Lânseigen fauna yn Tûvalû Kategory:Lânseigen fauna yn Fanûatû Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Wallis en Fûtûna Kategory:Lânseigen fauna yn it Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn Niûé Kategory:Lânseigen fauna yn Naurû Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See